Akkrum/BoarnBewurkje

Ja, ik leau ik hat te hastich west mei dat weromsetten. Ik hie dat stik oer de Boarn oernaam fan Boarn, dat doe't jo dat oanpasten, tocht ik dat dy oanpassings ferkeard wienen, fral om't de namme "Boarne" wier ek brûkt wurdt. Mar ik leau, it wie op de Boarne-side in flaterke, en dy namme wurdt fierders brûkt foar skoallen ensfh. Dat, ik pas Boarn mar oan yn stee fan Akkrum.
Fan Akkrum sprutsen: Wat moatte wy oan mei dy ynwenners-ûntwiklings? As wy se opnimme sa fier wy se witte dan kinne it yn de rin fan tiid gâns grutte seksjes wurde. Mar wat moat oars it kriterium wêze?
(En: Wêrom binne jo de lêste tiid meast net oanmeld? Dan witte oaren dat feroarings dien wurde troch ien fan us fêste skriuwers. En fierders kinne tekstferoarings dan makliker oanjûn wurde, en witte wy op hokfoar plak reaksjes jûn wurde moatte.) Aliter 15.13, 20 jun 2004 (UTC)

Oer ynwenners-ûntwiklings fierders op de Wikipedy:Oerlis side. Aliter 23.19, 28 jun 2004 (UTC)

Jeropeesk fuotbalBewurkje

Hjir wit ik noch net in soad fan, mar dat Jeropeekse kampioenskip, moet dat gjin "kampioeskip fuotbal" wêze, of in "fuotbalkampioenskip"? Ik soe sizze dat it "Jeropeesk fuotbal kampioenskip" earder in kampioenskip wêze soe foar de sport "Europeesk fuotbal". Of is dat ek sa?
(Dat "kampioenskipPEN", is dat faaks in anglisisme? Yn it Ingels is eat wat út mear parten opboud is in meartal, mar yn oare talen is dat meast net sa.) Aliter 15.38, 24 jun 2004 (UTC)


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.