Seno (keizer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: cy:Zeno (ymerawdwr)
LNo edit summary
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Zeno wie in [[haadling]] fan de [[Isauriërs]], in striidber folk dat earder wenne hat yn it gebiet om de tsjintwurdige stêd [[Adana]] yn [[Turkije]]. Alhoewol’t it folk al in skoft diel útmakke fan it [[Romeinske Ryk]], wienen sy altiten rûch bleaun. Under keizer [[Leo I fan Byzantium|Leo I]] hienen de Isauriërs in wichtige posysje krigen yn de haadstêd [[Konstantinopel]]. Sy waarden brûkt as tsjinwicht tsjinoer de grutte ynfloed fan de [[Goaten]] en [[Alanen]] yn dy tiid.
 
Zeno boaske mei Ariadne, de dochter fan Leo I, en krige twa soannen: [[Leo II fan Byzantium|Leo]] en Zeno. Hy soe syn soannen beiden oerlibje. Leo II, soe tenearsten de opfolger wurde fan keizer Leo I. Hy waard tegearre my syn heit keizer fan it easten. Mar doe’t Leo II yn febrewaris [[474]] ferstoar bleau syn heit allinne oer as keizer.
Rigel 10:
Zeno flechte nei [[Isaurië]], wêr’t hy earst ek noch oanfallen waard troch [[Illus]], in Isauriër dy't him ferbûn hie mei Basiliskus. Dizze Illus soe lykwols letter Zeno wer helpe de troan werom te krijen. Yn augustus [[476]] kaam Zeno as keizer werom. Ferina besocht letter noch in pear kear om Zeno te fermoardzjen, (tegearre mei wer Illus, dy't sy yn [[476]] nota bene noch besocht hie te fermoardzjen), lykwols sûnder sukses. Yn [[484]] hie Zeno ek te krijen mei [Leontius]] as tsjinkeizer.
 
Fanwege al dizze problemen koe Zeno him kwealik bemuoie mei it westlike part fan it Romeinske ryk. Hy steundestipe [[IuliusJulius Nepos]], in neef fan Leo I as keizer yn it westen oant syn dea yn [[480]], mar doe hie Nepos feitlik al gjin macht mear oer it grutste diel fan it West-Romeinske ryk. Wol hat er al it mooglike dien om de opstanneling [[Orestes]] mei syn soan [[Romulus Augustulus]] tsjin te wurkjen. Dêrby sluet hy in pakt mei de oanfierder fan de [[Germanen]] yn it Romeinske leger yn Itaalje [[Odoaker]], dy't tsjin Orestes yn opstân kaam. Hy gong der mei akkoard dat Odoaker himselfhimsels ta kening beneamde yn [[Itaalje]] en dat der gjin nije keizer yn it westen kaam. Nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus yn [[476]] en de dea fan Nepos yn [[480]] wie Zeno de ienige keizer fan it Romeinske ryk, dat feitlik allinnich noch út it easten bestie.
==Keppeling om utens==