Spikerskrift: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Klaaitablet mei Sumearysk spikerskrift (± 2400 f. Kr.). It '''spikerskrift''' is it alderearst skrift dat wy kennen. It skrift waard ûntwikkele tr...
 
No edit summary
Rigel 2:
It '''spikerskrift''' is it alderearst skrift dat wy kennen. It skrift waard ûntwikkele troch de [[Sumearjers]] yn it tsjintwurdige [[Irak]] om-ende-by [[3000 f.Kr]]. It waard skreaun op plakken klaai dêr't mei in stikje [[reid]] symboalen (piktogrammen) ynkepen waard yn de foarm fan spikers. Eltse piktogram stie foar in wurdlid.
 
It skrift dat foaral yn it ekonomysk ferkear brûkt waard, soe al gau oernommen wurde troch de folken om Sumearje hinne, lykas de [[Elamieten]] de [[Akkadiers]] en de letter de [[BabylonBabyloanje|Babyloanjers]]. Yn in tiidrek fan 3000 jier skreauwen de ynwenners fan Mesopotaamje en grutte parten fan âlde Midden Easten yn it spikerskrift op klaaitabletten. Foar safier dizze klaaitabletten net fernield binne, hawwe sy de rin des tiids goed trochstean. Uteinlik reitsje it spikerskrift yn ûnbruk fanwege har kompleksiteit, mar omdat skreaun waard op klaaitabletten, hawwe [[argeology|argeologyske]] opgravingen fan Mesopotayske stêden in soad autintyk skreaune [[histoaryske boarne]]n opsmiten. Mear as dat fan de [[Grikelân|Griken]] en [[Romeinske ryk|Romeinen]]. Miljoenen klaaitabletten binne sûnt likernôch [[1850]] by opgravingen oan it ljocht kaam. Alle mooglike fasetten fan it deistige, religieuske en ekonomyske libben fan doedytiids binne bewarre bleaun en wurde no bestudearre troch de wittenskip dy't [[assyriology]] hiet.
 
De kennis fan it spikerskrift wie ferlern rekke en is yn [[1835]] foar it earst ûntsifere troch [[Henry Rawlinson]], in Britske legeroffisier. Hjirby spile de [[Behistun Ynskripsje]] in tige wichtige rôl. De betsjutting fan dizze ynskripsje is te fergeliken mei de [[Rosetta Stien]] foar de ûntsifering fan de [[Egyptyske hiëroglieven]].