Nearo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 10:
Yn it begjin fan it regear fan Nero hie syn mem grutte ynfloed op him, mar nei de dea fan Britannikus waard sy troch him fan it paleis fuort stjoerd, sadat Nero op 18-jierrige leeftyd alle alle macht yn hannen krige. Syn wichtichste adviseurs waarden Seneca en de prefekt fan de Praetoriaanske garde, [[Burrus]]. Fjouwer jier letter liet er syn mem deadzje.
 
De earste fiif jierren fan syn bewâld wienen in gouden tiid foar [[Rome]] en it [[Romeinske Ryk]]. Oeral hearske frede en wolfeart troch de kundige advizen fan Seneca en Burrus. Nei dizze fiif jier begûn Nero him lykwols hieltyd minder te bemoeien mei it lânsbestjoer, mar hâlde er him ynstee dêrfan foaral dwaande mei syn passy's foar de [[GrikenlânGrikelân|Grykske]] kultuer, keunst, benammen mei toaniel en muzyk, mar ek drank, seks en minne perversiteiten.
 
Yn [[62]] kaam Burrus om it libben (neffens geroften waard er troch Nero fermoarde) en tsjinne Seneca syn ûntslach yn, wat troch Nero wegere waard. Ek liet er syn frou Klaudia terjochtstelle en ferfong har troch syn matresse [[Poppaea]], de eks-frou fan syn eardere freon [[Otho]] dy't er fuort promovearre hie as gûverneur fan Lusitania (tsjintwurdich [[Portegal]]).
 
===Kristenferfolgings===
Sûnt dizze tiid gong it berchôfwaarts mei Nero. Nero holde him allinnich noch mar dwaande mei syn passy's en traad sels op as dichter, sjonger en toanielspiler. De senaat en it Romeinske folk koene dat mar min weardearje. Doe't in grutte brân yn [[64]] in grut part fan de stêd Rome ferwoaste, gongen alderlei (nei alle gedachten falske) geroften de rûn dat Nero hjir sels opdracht foar jûn hie. Neffens de tradisjonele skiedskriuwerij waard letter oanfierd dat keizer Nero de [[kristenen]] ferfolgens alle skuld jûn hawwe soe foar dizze grutte brân om himsels frij te pleiten.
 
Lang om let soe in opstân yn [[68]] yn [[Galje]] soarge foar it ein fan Nero syn bewâld.
 
==Keppeling om utens==