Jeltje van Nieuwenhoven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
No edit summary
Rigel 1:
'''Jeltje van Nieuwenhoven''' ( [[Noardwâlde]], [[2 augustus]] [[1943]] ) is in Fryske politikus. Se siet fan [[1981]] oant [[2004]] yn de [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal|Twadde Keamer]] foar de [[Partij fan de Arbeid|PvdA]]. Yn [[2004]] ferliet Van Nieuwenhoven de Keamer om [[deputearre]] te wurden fan de provinsje [[Súd-Hollân]].
 
Nei de [[MULO]] folge se in oplieding ta bibletekaresse. DitDat fak die se tusken [[1960]] en [[1979]]. Wylst wie se lid wurden fan de PvdA en ferfolde se binnen dizze partij ferskeidene funksjes, wêrûnder [[gemeenteried]]slid en [[wethâlder]] yn de gemeente [[Vinkeveen en Waverveen]] (yn 1989 opgien yn [[De Ronde Venen]]).
 
Op [[15 septimber]] 1981 waard se keazen as lid fan de Twadde Keamer. Op in koarte ûnderbrekking yn 1982/1983 nei hat se oan ien trie wei Twadde Keamerlid west. Tusken [[1998]] en [[2002]] wie se foarsitter fan de Twadde Keamer, as earste frou yn de skiednis. Nei de ferkiezingsnederlaach fan de PvdA yn 2002 waard se fraksjefoarsitter fan de PvdA: hjirop lei se it foarsitterskip fan de Twadde Keamer del. Yn 2002 waard se troch [[Wouter Bos]] ferslein by in lederieplachting oer it listlûkerskip foar de ferkiezingen fan 2003. Sûnttiid wie se fisefraksjefoarsitter.