Content deleted Content added
wurdsje te folle
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
It eilân Seelân yn Denemark
Rigel 1:
[[Ofbyld:Oresund-de new.png|thumb|upright=1.7|De Sont, noch sûnder de [[Sontbrêge]]]]
[[Ofbyld:Oresund.ASTER.20040410.jpg|thumb|upright=1.7|Satellytbyld fan de Sontferbining]]
De '''Sont''' ([[Deensk]]: ''Øresund'', [[Sweedsk]]: ''Öresund'') is ien fan de trije [[Seestrjitte|seestrjitten]] dy't it [[Kattegat]] (en dêrmei de [[Noardsee]]) ferbynt mei de [[Eastsee]], en it [[Denemark|Deenske]] eilân [[Seelân (Denemark)|Seelân]] skiedet fan it [[Sweden|Sweedske]] [[Skåne]]. De trochgong is op syn naust 4,5 kilometer. It is ien fan de drokst befarde wetterwegen yn de wrâld.
 
De Sont hat altyd fan grut strategysk belang west, wat ferklearret dat oan it smelste punt twa burchten stean: by it Deenske [[Helsingør]], [[kastiel Kronborg]], en by it Sweedske [[Helsingborg (stêd)|Helsingborg]]. De keningen fan Denemark waarden ryk fan de [[Sonttol]] dy't hjir sûnt [[1429]] heft waard.