Bouhoeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
EvF, rûnom en algemiene kennis
 
[[]]
Rigel 1:
De '''Bouhoeke''' is it lânbougebiet yn it noarden fan [[Fryslân]]. It gebiet leit ten noarden fan de snelwei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] - [[Frjentsjer]] - [[Harns (stêd)|Harns]]. De streek tusken Harns, [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] en Frjentsjer wurdt ek wol 'Lytse Bouhoeke' neamd.
 
Op de klaaigrûn wurde benammen [[jirpels]], [[sûkerbyt|sûkerbiten]], [[nôt]] en [[koalsie]] ferboud. Benammen yn [[It Bilt]] is it lânskip beynfloede troch de wurk en hannel yn de [[lânbou]]. It gebiet is in mozayk fan perselen boulân en pleatsen mei grutte skuorren, dêr't de jirpels en it oare gewaaks opslein wurdt.
 
Sûnt it ûntstean fan de ikkerbou oant de [[18e ieu]] is der net folle feroare yn dit gebiet. Yn de [[19e ieu]] kaam de ferbou fan [[ierdappel]]s op en spesjalisearren de boeren har. Troch ta tanimmende meganisaasje yn de [[20e ieu]] binne in soad minsken fan 'de klaai' ferhuze en rekke it gebiet mear ûntfolke. It oantal foarsjenning waard dêrtroch lytser.