Julius Nepos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|300px|''Tremissis'' fan '''Iulius Nepos'''. '''Julius Nepos''' (sirka 430-480), wie de lêste legitime [[List fan Romeinske k...
 
No edit summary
Rigel 8:
 
Mei in grut leger set Nepos him yn [[474]] nei Itaalje. Yn juny berikt er [[Ostia]] (de havenstêd fan Rome) en luts fjirder op nei [[Ravenna]], dêr't keizer [[Glyserius]] him oerjout en de feitlike hearsker, de ''Magister militum'' [[Gundobad]] troch Nepos foartendaliks ûntheft waard fan syn funksje yn it leger.
[[Ofbyld:628px-Western and Eastern Roman Empires 476AD(3).PNG|left|thumb|300px|West- en East-Romeinske ryk yn 475]]
 
Yn namme wie Nepos keizer oer it hiele grûngebiet fan it eardere West-Romeinske ryk. Feitlik hied er inkeld it bewâld oer [[Itaalje]], en de provinsjes [[PanoanjeItaalje]], [[Dalmaasje]] en parten fan it suden fan [[Galje]]. Hy besocht syn grûngebiet by ien te hâlden en slagge dêr foar in part yn troch frede te sluten mei de [[Fisigoaten]] en harren kening [[Eurik]]. Hjirmei kearde Súd-Galje werom ûnder Romeinske kontrôle yn ruil foar inkele gebieten, dêr't Nepos toch al gjin sizzenskip mear oer hie. Underhannelings mei [[Geiserik]], de kening fan it [[Fandaalske ryk]] mislearre lykwols. De Fandalen bleauwen Itaalje oanfallen mei piratenskippen.
 
Nepos wie yn alle opsichten, de meast bekwame fan de lêste West-Romeinske keizers, mar hy wie net bjuster populêr by de [[Senaat (Rome)|Senaat]]. De Senatoren hienen in hekel oan him, omdat er goeie relaasjes ûnderhâlde mei it East-Romeinske Rijk. Nepos makke ien grutte flater dy't syn ûndergong wurde soe, hy beneamde de net betroubere [[Orestes|Orestes]] as oerbefelhawwer fan it leger.