Boyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
Boijl kin har namme oan ferskillende saken ûntliend hawwe. It is lestich, omdat it op âlde kaarten skreaun wurdt as Buil, Beul en as Beuil. Wylst it yn de foarlopige banbrief fan biskop Guydo fan Utert yn de fjirtjinde ieu sels Boylo neamd wurdt. Mooglik hat men it Beul neamd (lykas de bewenners it no noch neame) nei beulje = hurd wurkje. Hurder as normaal, omdat de grûn dreger as earne oars te bewurkjen wie. It kin ek buil wêze = beult, as it lykas no noch heger as de omjouwing lei. Net sa frjemd, want fanwege de oerstreamingen fêstige men him leaver wat heger. It kin ek komme fan it âldfryske beile, it Fryske bule of Nederlânske bûl dat rûning, swelling betsjut. Dat it yn boskryk gebiet lei tsjut it lo = bosk út it neamde Boylo oan.
 
It doarp leit oan de râne fan it [[Nasjonaal Park DrintsDrintsk-Fryske Wâld]]. It gebiet wurdt ten noarden derfan begrinze troch it rivierke De Linde. Ten westen leit it doarp Oosterstreek en ten easten Elsloo. Yn it doarp stiet in Saksyske pleats, binne der ferskate sânpaden, wurde landerijen en kavels omkringe troch natuerlike houtwâlen en is der in oantal lytse heidefjilden en fennen. It hjoeddeiske agraryske gebrûk is benammen molkfeehâlderij, ikkerbou en leeljetylt.
Op dit momint binne yn Boijl 21 strjitten, allegear mei in eigen skiednis of betsjutting.
 
==Tsjerke==
[[Ofbyld:Klokkenstoel Boijl 06.JPG|right|thumb|120px|Klokkestoel fan Boyl]]