Antoninus Pius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: scn:Antuninu Piu
Rigel 9:
De titel ''Pius'' hat Antoninus te tankjen oan syn loyaliteit en myldens. Krekt nei syn beneaming as keizer kaam hy yn konflikt mei de [[senaat]]. De oanlieding hjirta wie syn takenning fan de earetitel ''Divu'' (god) oan de ferstoarne keizer Hadrianus. Omdat de senaat de lêste jierren op minne foet stien hienen mei Hadrianus, ynearsten dat foarstel ôfwize woene, drige in konstitutionele krisis. Antoninus drige mei ôftrede as de Senaat syn foarstel net oanfiere soe. Under de yndrok fan dizze loyaliteit oan de foargonger en syn adoptyf heit joech de Senaat lang om let ta. Om dizze reden joech de Senaat him de titel ''Pius'' (de "Fromme").
 
Noch letter stelde de Senaat foar om de moanne [[septimber]] nei Antoninus Pius te ferneamen (de moanne [[july]] wie al neamd nei [[Julius Caesar]] en de moanne [[augustus (moanne)|augustus]] nei keizer [[Augustus (keizer)|Gaius Julius Caesar OctavianusOktavianus]]) fanwege syn treflik liederskip. Mar dy eare wêgere hy perfoarst.
 
Antoninus Pius wie lokkich troud mei Faustina ([[Faustina de Aldere]] om har te ûnterskieden fan harren dochter [[Faustina de Jongere]] dy't letter mei Markus Aurelius troude). Sy hienen fjouwer bern dêr't trije net âld fan wurde soene. Allinne syn dochter Faustina bleau yn libben. En ek de frou fan Antoninus Pias stoar rillegau, al yn it tredde jier dat er keizer wurden wie. Antoninus earde har troch de byldnis fan syn frou op in protte munten slaan te litten.
Rigel 18:
It wichtigste barren út dy tiid is wol de fiering fan de 900e jierdei fan de stêd [[Rome (stêd)|Rome]]. Op grutske wize waard dat mei ferskate aktiviteiten fiere dy't plakfûnen tusken de jierren [[147]] en [[148]]. It hichtepunt foel op [[21 april]] 147. Der waarden in protte spektakels oarganisarre wêryn in soad wylde bisten meidiene wêrûnder oljefanten dy't sels as symboal foar de fiering brûkt wurde soene.
 
Yn [[161]] stoar Antoninus Pius in natuerlike dea op 74-jierrige leeftyd yn syn paleis yn [[Etruria]]. Hy waard opfolge troch de adoptyfsoannen [[Markus Aurelius]] en [[Lusius Ferus|Lusius Aurelius Kommodus]].
 
== Histoariografy ==