Hotze Brouwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Hotze Brouwer''' (Eagmaryp, 28 maaie 1910 - 17 maart 1945 ) wie in feehâlder en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch. Brouwer buorke op de Beatrixhoeve yn [...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 des 2008 om 14.51

Hotze Brouwer (Eagmaryp, 28 maaie 1910 - 17 maart 1945 ) wie in feehâlder en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.

Brouwer buorke op de Beatrixhoeve yn Haskerhoarne by it Nannewiid. Hy hie in oandiel yn it ferbergjen fan dêr dropte wapens yn syn pleats. De slachsin dy't by it droppingsfjild brûkt waard wie: 'Dy't de skoech past, docht him oan.' Boppedat wie hy meiwurker fan de Lanlike Organisaasje foar help oan ûnderdûkers. Brouwer waard op 8 febrewaris 1945 arresteard en oerbrocht nei Crackstate. Hy waard begroeven op it N.H. begrafplak yn Haskerhoarne.

De tinksteen yn de pleats fan Schotanus yn Dunegea herinnert de ynwenners fan Dunegea (gemeente Skarsterlân) oan de fusillade op 17 maart 1945 fan Hotze Brouwer en njoggen oare finzenen út de Hearrenfeanster finzenis Crackstate.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: