Gersdrûgerij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
frij oerset fan nl:
 
dêr't en wêr't
Rigel 1:
In '''gersdroegerij''' is in fasiliteit wêrdêr't middels [[stienkoal|koalen]] of letter middels [[Ierdgas|gas]] gers omsetten wurdt in brokken of pakjes. Om de [[Twadde Wrâldoarloch]] hinne hienen in soad doarpen in eigen gersdroegerij, faak yn de foarm fan in [[koöperaasje]]. Letter binne in soad droegerijen fusearre. Diels troch skaalfergrutting yn de lânbou, mar ek troch de oprinnende gasprizen. Boppedat kûlen de boeren it gers hieltiten faker yn omdat it ynkûljen mei plestyk en rydbulten better foer oplevere.
 
In boer kin by in gersdroegerij syn eigen gers droegje litte en ferwurkje litte ta it einprodukt dat er hawwe wol. Ek kin hy kieze om allinnich gers te leverjen tsjin in ôfsprutsen priis. Fan dit gers kinne ferskate einprodukten makke wurde, dy't trochferkocht wurde oan oare boeren, of de detailhannel. Neist it gers wurde ek oare gewaaksen droege, lykas [[luzerne]].