Pipernuten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaters en dêr't en wêr't
wurdsje futfallen
Rigel 4:
De wenstige wize fan optsjinjen is dat men de pipernuten troch de keamer struit, dat de bern se opsykje kinne. De struiende earm wiist werom op it symboal fan [[fruchtberens]], op de boer dy't syn ikker mei sied bestruit. Fanâlds waard dit fruchtberheidsbegjinsel begjin desimber dien, in bytsje te fergelykjen mei it struien fan [[rys]] of [[konfetty]], wat tsjintwurdich faak op [[brulloft]]en bart.
 
Eartiids waarden pipernuten mei muntstikken mingd, tsjintwurdich mei sûkerguod. It struijen mei munten komt út in âlde leginde dêr't de hillige [[Nikolaas fan Myra|Sint Nikolaas]] trije jonge famkes by tsjinkaam, waens heit de [[breidsskat]] net betelje koe en syn dochters twong om de [[prostitúsje]] yn te gean. Sint Nikolaas smiet se doe in hânfol munten ta, dêr't se dêrnei dochs harren breidsskat mei betelje koenen.
 
Der binne ferskillen tusken pipernuten, ôfhinklik fan dêr't se weikomme. Sa binne Fryske pipernuten wier hurde, rûne nuten, wylst Hollânske pipernuten sêfter binne en mear brokjes koeke lykje te wêzen. Pipernuten wurde fakentiden betize mei [[Krûdnút|krûdnuten]]. Lykwols binne dy fan in oar soarte fan daai makke. Krûdnuten wurde nammers makke mei spekulaaskrûden en lykje dêrom mear op [[spekulaas]].