Aletta Jacobs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
útwreide mei fan nl
Rigel 1:
[[Ofbyld:Aletta Jacobs.png|right|thumb|Aletta Henriëtte Jacobs foar de Ryksuniversiteit Grins.]]
'''Aletta Henriëtte Jacobs''' ( [[9 febrewaris]] [[1854]], [[Sappemar]] - [[10 augustus]] [[1929]], [[Baarn]] ) wie de earste Nederlânske froulike arts[[dokter]] en [[feministe]].
 
Jacobs wie fan Joodsk komôf, dochter fan Abraham Jacobs dy't Genês-, hiel- en froedmaster wie. Har mem wie Anna de Jongh.
 
Nei spesjale tastimming fan minister [[Johan Thorbecke|J.R.Thorbecke]] skreau sy har op 20 april 1871 yn by [[Ryksuniversiteit Grins]] oan'e fakulteit [[Genêskunde]]. Har dokterseksamen die se yn 1878 yn Utert en se promovearre op [[8 maart]] [[1879]] yn Grins.
 
Aletta Jacobs wie net de earst froulike studinte - dat wie inkele ieuwen earder [[Anna Maria van Schurman]] - mar wol de earste dy't mei sukses in universitêre stúdzje ôfmakke. Yn [[1877]] en [[1878]] lei sy har dokters eksamen ôf, dêr't sy de earst froulike dokter mei waard, en gong oan slach as dokter yn Amsterdam dêr't sy fergees sprekoere holde, kursussen joech en en it [[pessarium]] as foarbehoedmiddel yntrodusearre.
 
Dernêst sette Jacobs har yn foar it [[frouljuskiesrjocht]]. Sy wie mei oprjochster fan de [[Ferieniging foar Frjouljuskiesrjocht]] yn [[1894]] en sûnt [[1903]] lanlik foarsitter. Ek wurke sy mei yn de [[Wrâldbûn foar Frouljuskiesrjocht]], dêr't sy namensbekindheid troch krige oer de hiele wrâld. Sy wie ek lid fan de [[Frijsinnich Demokratysjke Bûn]].
 
Jacobs boaske mei [[politikus]] [[Carel Victor Gerritsen]] (1850-1905) yn 1884. Sy hienen in frij houlik.
 
==Literatuer==
* {{aut|Mineke Bosch}}, ''Een onwrikbaar geloof in rechtvaardigheid, Aletta Jacobs 1854-1929'', Utjouwerij Balans, 2005..
<br clear=left>,
 
==Keppeling om utens==
* [http://www.alettajacobs.org Webstee oer Aletta Jacobs]
* [http://www.inghist.nl/Onderzoek/Projecten/BWN/lemmata/bwn1/jacobs Biografysk Wurdenboek fan Nederlân - biografy]
* [http://www.iisg.nl/bwsa/bios/jacobs.html Biografysk Wurdenboek fan it Sosjalisme en de Arbeidersbeweging Yn Nederlân (BWSA) - biografy]
* [http://www.amsterdam.nl/stad_in_beeld/inhoud/typisch_amsterdams?ActItmIdt=8445 Aletta Jacobs, Boechbyld fan feminisme, op amsterdam.nl]
*http://www.iiav.nl it archyf fan Aletta Jacobs mei in protte foto's en oar materiaal fan en oer har.
*[http://www.gutenberg.org/browse/authors/j#a24971 Boeken fan Aletta Jacobs op Project Gutenberg]
 
 
[[Kategory:Feminisme]]