Anna (hillige): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
ferwizingen
Rigel 1:
[[Ofbyld:Masolino_008.jpg|thumb|210px|Hillige Anna, Marije en Jezus troch [[Albrecht Dürer]] ]]
De '''[[HilligHillich|Hillige]]e (Mem) Anna''' of '''Sint Anna''' is neffens de [[kristendom|kristlike tradysje]] de mem fan de [[Marije (mem fan Jezus)|Hillige Faam Marije]]. Se wurdt fereare yn de [[Roomsk-katolikeKatolike Tsjerke]], [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke|Eastersk kristendom]], [[Anglikaanske Tsjerke]] en de [[Luteranisme|Luterske Tsjerke]]. Har feest wurdt fierd op, [[26 july]]. [[Sint Anne]] is nei har neamd.
 
Yn de twadde ieu fan ús jiertelling wurdt de ''Berte fan Marije'' skreaun, in Grykske tekst, dy't de grûnslach foarmet fan de oerlevering. De tekst waard letter bekend as it [[ProtevangeeljeProto-evangeelje fan Jakobus]].
 
Anna en har man [[Joachim (kristendom)|Joachim]] wienen (neffens de oerlevering) troud, begoedige, mar hiene gjin bern. Se libben folslein neffens de Wet fan God. Dochs wurdt it offer fan Joachim yn de timpel wegere, omdat hy gjin bern hat. Joachim flechtet mei syn kudde de woastyn yn. Anna mient dat hy dea is en docht har beklach by God en freget om in bern. Har gebed wurdt ferheard. Tagelyk krijt Joachim fan in ingel te hearren, dat syn frou swier is. Hy giet werom mei syn kudde en moetet syn frou by de Gouden Poarte yn Jeruzalem en jout har in tút. Anna krijt in famke: Marije. De âlden wije it bern oan God en bringe Marije, as se trije jier âld is, nei in timpel. Dêr wurdt se grutbrocht troch ingelen.
Rigel 8:
As se tolve jier âld is, wurdt Marije troch de hegepryster úthoulike oan Jozef, in âldere widner. Jozef hat bern en is timmerman. Hy mei Marije allinnich mar behoedzje. Fuortendaliks nei it houlik moat er in pear moanne fuort nei in boukrewei. Marije wurdt wyls swier fan Godswege. As Jozef thúskomt sjocht hy, dat Marije swier is. Ek de hegepryster komt dit te witten. Marije en Jozef moatte de proef mei it bitere wetter ûndergean, mar trochstean dy mei glâns. Jezus wurdt ûnderweis nei Betlehim berne yn in grot. De kreamheinster konstatearret, dat marije noch altyd faam is.
 
De ûnbekende skriuwer fan de ''Berte fan Marije'' neamt himsels Jakobus, in soan út it earste houlik fan Jozef. Hy docht it foarkommen oft er tsjûge wie fan de berte fan Jezus. De skriuwer linet yn syn ferhaal tige op grutte bibelske figueren as Sara en Abraham, Hanna en Elkana, en wurket de ferhalen oer de berte fan Jezus út de evangeeljes fan Matteüs en LucasLukas fierder út.
 
Sa ûntstiet in nij ferhaal, dat grutte ynfloed hân hat op de folksdevoasje en troch dizze omwei ek op it teologysk tinken oer Marije. Yn letter ieuwen is de leginde fierder útwreide. Net allinnich Jozef, mar ek Marije stammet ôf fan kening David: sawol fan heites as fan memmes kant is Jezus fan keninklike bloede. Dat is yn letter tiden (ikonografysk) útbylde yn de [[beam fan Jesse]]. Yn de [[13e ieu]] komt it ferhaal op fan de trije houliken fan Anna. Se waard twarres widdo, wertroude alle kearen en krige út elk houlik in dochter. Sa ûntstie de famylje fan Anna, dy't it [[Sibskip|faamskip]] neamd wurdt.
Rigel 18:
De lêste desennia is de belangstelling foar de leginde fan Anna en alles wat dêrmei gearhinget wer sterk tanomd. Ek op ynternet binne der, neist wittenskiplike teksten, prachtige ôfbylden te finen.
 
Anna is [[beskermhillige]] fan [[Kanada]], [[Frankryk]], timmerlju, bernleazen, hynstesport, pakes en beppen thúswurkers en húsfroulju, kantklossers, ferlerne foarwerpen, mynwurkers, memmen, hannelers yn âlde klean, earmoede, swierwêzen, naaisters, ûnfruchtberen, turners, stâlfeinten, [[QuébecKebek (provinsje)|QuébecKebek]], [[Bretanje (regio)|Bretanje]], [[Norwich (Connecticut)]], [[Detroit (Michigan)|Detroit]], [[Adjuntas (Puerto RicoRiko)]], [[Marsaskala (Malta)]], [[Taos (NewNij MexicoMeksiko)|Taos]] en [[Santa Ana Pueblo (NewNij MexicoMeksico)]].
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{aut| E. Amann}}, Le Protévangile de Jacques et Ses Remaniements Latins. Introduction, Textes, Traduction et Commentaire, Parys, 1910.
* {{aut|T. Brandenbarg}}, Heilig Familieleven. Fersprieding en wurdearring fan de histoarje fan Sint-Anna yn de steedlike kultuer yn de Nederlannen en it Rynlân oan it begjin fan de moderne tiid (15e/16e ieu), Nymwegen, 1990.
* {{aut|A. Dörfler-Dierken}}, Die Verehrung der heiligen Anna in Spätmittelalter und früher Neuzeit. Göttingen, 1992.
* {{aut|E.J. Erpelinck}}, Anna in België. Alfabetisch Repertorium van Vindplaatsen in Kerken en Kapellen in België, Sas van Gent, 2006.
* {{aut|V. Nixon}}, Mary's Mother. Saint Anne in Late Medieval Europe, Pennsylvania, 2004.
* {{aut|H.R. Smid}}, Protevangelium Jacobi. A Commentary, Assen, 1965.
* {{aut|E. De Strycker}}, La Forme la plus ancienne du Protevangile de Jacques, * Recherches sur Le Papyrus Bodmer 5 avec une Édition critique du Texte Grec et unde Traduction Annotée, Brussel 1961.
}}