Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Keppelings om utens: Kategory: earste letter as Kapitaal skreaun
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Geart Aeilco Wumkes''' ([[4 septimber]] [[1869]], [[De Jouwer]] - [[7 maaie]] [[1954]], [[Huzum]]) wie in [[teolooch]] en [[histoarikus]].
 
Nei syn stúdzje teology yn [[Doetigem]] en dernei yn [[Utert (stêd)|Utert]] waard hy herfoarme dûmny yn [[Hoarn]] op [[Skylge]], yn [[Roden]], [[SeerypStryp]] en yn in [[Snits]]. Hy wie mei oprjochter yn [[1908]] fan it [[Kristlik Frysk Selskip|Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer]]. Ds. Wumkes wie fan [[1910]] oant [[1936]] learkrêft [[Hebrieusk]] op it Snitser Gymnasium. Yn [[1924]] waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de [[Fryske ûnderwiisrie]], dy’t bysûndere learstoelen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn [[Amsterdam]] en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan [[Fryslân]].
 
Ds. Wumkes hat in soad betsjut foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in tsjinst yn it Frysk die. Dat die er op [[3 jannewaris]] [[1915]] yn de Herfoarme tsjerke fan [[Tsjom]]. Hy sei: “Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat’. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy’t allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbouwerearde diaken en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it Nederlânsk hearre.