Hans Vredeman de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
der't en wêr't en wat skowd mei plaatsjes
Rigel 1:
[[Ofbyld:TuindoorvredemandevriesHans Vredeman de Vries-portrait.jpg|300px200px|thumb|right|TúnûntwerpOfbylding troch Hansfan Vredeman de Vries úttekene troch Hortorum[[Hendrick (1583)Hondius]]]]
'''Hans Vredeman de Vries''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[1527]] - [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]], [[De Haach]] of [[Hamburg]], [[1606]], [[1607]] of [[1609]]) wie in ynternasjonaal [[arsjitekt]], [[Festing (ferdigeningswurk)|festingboudeskundige]], [[keunst]]teoretikus, [[planolooch]] (avant la lettre), [[tekener]] en [[Keunstskilder|skilder]]. Hy wie ien fan de meast ynfloedrike keunstners út de [[16e ieu]] fanwege de behearsking fan it [[Lineperspektyf|perspektyf]], syn publikaasjes, syn ûntwerpen en fersieringen. Hy ûntwurp folle mear as dat er útfierde.
 
==Biografy==
Hans Vredeman de Vries wie de soan fan in bussjitter, yn tsjinst fan de Fryske steedhâlder [[Georg Schenck van Toutenburg]]. Hy begûn syn oplieding by in glêsskilder yn Ljouwert (en [[Kollum]]). Yn 1546 teach hy nei Amsterdam en Kampen. Yn 1549 wurke hy yn [[Mechelen (Belgje)|Mechelen]], wêrdêr't syn broer wurke as organist. Under [[Pieter Coecke fan Aelst]] ûntwurp hy de triomfbôgen dy't brûkt waarden foar de ynkomst fan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] en [[Filips II fan Spanje|Filips II]]. Ek bestudearre hy [[Vitruvius]] en [[Sebastiano Serlio]], oersetten troch syn learmaster. Yn 1561 troude hy mei Johanna fan Muysene, de suster fan in kollega-skilder, mar hja stoar al nei inkele jierren. Vredeman de Vries ûntwikkele him ta treflik en ferneamd perspektyftekener en yntrodudearre de Italjaanske boustyl ten noarden fan de Alpen. Hy publisearre ûnder oare by de drukker [[Plantijn]] foarbylden fan kartoesjes, trofeeën, arsjitektuer, [[fontein]]en, [[meubel]]s, grêfmonuminten, [[Pylder (boukunde)|pylders]], [[potguod]], termen en grotesken.
 
[[Ofbyld:Tuindoorvredemandevries.jpg|210px|thumb|left|Túnûntwerp troch Hans Vredeman de Vries út Hortorum (1583)]]
Yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] wie hy benammen aktyf as [[Festing (ferdigeningswurk)|festingbouyngenieur]]. Yn [[1583]] skreau hy it boek ''Hortorum viridariorumque... formae'', in wurk dat fan grut belang wie foar de ûntwikkeling fan de [[tún]]arjitektuer, omdat it de earste printsearje wie yn de westerske keunst, dy't hielendal oan tunen wijd wie. Hy lei hjiryn de [[renêssânse]]-ynfloeden dy't út [[Itaalje]] oerkamen, op syn eigen manier út wêrtrochdêr't hy it eigen karakter fan de Nederlânske - en [[Flaanderen|Flaamske]] túnarsjitektuer troch skoep. Elke print toant in tún, fan boppenôf besjoen, mei parterres fan geometryske fjilden, knipte hagen, beammen, blommen hikken, portalen, leafgongen, paviljoenen, bassins en fonteinen. Yn de yndividuele titels fan van de blêden binne de tunen assosearre mei de trije pylderoarders, te witten de [[Doryske oarder|Doryske]], de [[Ionysk oarder|Ionyske]] en de [[Korintysk]]e oarder.
 
Nei de besetting fan Antwerpen yn 1585 troch de [[Alessandro Farnese (1545-1592)|hartoch fan Parma]] ferliet ek Vredeman de Vries de stêd mei syn twadde frou Sara fan Elsmer. Hy krige dêrnei opdrachten yn [[Frankfurt am Main]] en [[Wolfenbüttel (stêd)|Wolfenbüttel]] om in grêftegurdle om de stêd oan te lizzen. Mooglik krige hy dêrnei de fraach om in kanaal tusken de [[WezerWeser]] en de [[Elbe]] te ûntwerpen. Hy gie nei [[HamburgHamburch]] doe't syn opdrachjouweropdrachtjouwer [[Julius fan Brunswijk-Lüneburg]] stoar en de opfolger it projekt ôfblaasde. Vredeman wurke tusken 1592 en 1595 oan ferskate opdrachten yn Danzig (it hjoeddeiske [[Gdansk]]) en gie nei [[Praach]] wêrdêr't hy tegearre mei syn soan Paul de keizerlike keunstgalerij ûntwurp. Yn 1600 liet hy him ynskriuwe as poarter fan Amsterdam. Yn 1604 besocht hy in oanstelling te krijen om wiskunde te dosearen oan de [[Universiteit fan Leien]]. Oer it jier en it plak wêrdêr't Vredeman de Vries stoar bestiet grutte ûndúdlikheid.
 
[[Ofbyld:Alchemist's Laboratory, Heinrich Khunrath, Amphitheatrum sapientiae aeternae, 1595.jpg|250px|thumb|right|It laboratoarium fan de algemist (1595) troch Hans Vredeman de Vries]]