Ealwyn fan York: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: sl:Alkuin
Rigel 7:
Tusken [[790]] en [[793]] gie Ealwyn yn opdracht fan Karel de Grutte in skoftlang werom nei syn bertelân, mar dêrnei ferbleau hy oant syn dea foarfêst op it kontinint. Yn [[796]] waard him de abdij tabetroud fan Sint Martinus yn [[Toers]] (al wie hy sels gjin [[muonts]]). Hy fierde in oantal wichtige feroarings yn, lykas de ferbettering fan de tucht en yn it ûnderwiis. Ek boude hy in kreaze bibleteek op, besteande út wichtige wurken fan oare bibleteken en syn bertestêd York, dy't er oerskriuwe litten hie.
 
Sûnt [[801]] wenne Ealwyn foaral yn Toers, wêrdêr't hy him wijde oan de stúdzje fan sawol profane as teologyske literatuer. Hy hat in – lykwols nêt altyd omskreaun en fêst te stellen – rol spile yn de [[byldestriid]], yn de opstelling fan in op 'en nij besjoene bibeltekst en wierskynlik ek by de keizerkroaning fan Karel de Grutte. Oan him tanket it [[kristendom]] ek it op 'e nij besjen fan it [[Romeinsk Missaal]]. Uteinlik hat er syn ynfloed brûkt ta geunste fan de Frankyske misjonearring ûnder de ûnderwurpen folken. Ealwyn ferstoar yn Tours op [[19 maaie]] [[804]].
 
==Literêr wurk en betsjutting==