Aurelianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L {{Link FA|fi}}
pannoanje
Rigel 11:
Aurelianus fûn ek dat it besit fan in oantal Romeinske gebieten net langer te handhavenjen wie. Dizze gebieten leinen bûten de [[Ryn]]- en [[Donau]]-Limes en hienen in soad te lijen hân fan ynfallen, benammen troch de [[Goaten]]. Dêrom liet hy yn [[271]] de foarút skode provinsje [[Daasje]] ûntromje en brocht syn troepen mei de Romeinske befolking oer nei de súdlike kant fan de Donau. Syn foargonger hie de ynvaasje fan Goaten al gruttendiels ta stilstân brocht. Aurelianus makke it wurk ôf, yn in oantal slaggen waarden de Goaten foar altiten ferslein.
 
Ek tsjin oare fijannige folken hie Aurelianus súkses. De [[Fandalen]] waarden troch him út [[PannoonjePannoanje]] ferdreaun en de westlike provinsjes dy't sûnt de opstân fan [[Postumus]] yn [[261]] in eigen ryk foarmen, waard troch him wer by it ryk foege. Ek yn it easten wie hy súksesfol doe't hy in ein makke oan de opstân fan [[Palmyra (Syrië)|Palmyra]]. Hjirtroch waard it hiele ryk wer feriene .
 
Utsein syn súksessen op militêr gebiet, hie Aurelianus ek súkses op in hiel oar mêd. Finansjeel wie it noch hieltyd in gaos yn it ryk. Ekonomysk gong it min en der wie in heech oprinnende ynflaasje. Aurelianus makke dêr in ein oan en herfoarmde it muntsysteem mei syn sestertii. Fierders makke hy in oanset ta de oprjochting fan in eigen steatsreligy. De kultus fan [[Sol Invictus]], de sinnegod waard troch him befoardere en oare leauwen as dy fan de [[Kristenen]] waarden troch him opnij ferfolge.