Minske-offer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Maya's: ferwizing goed makke
Rigel 12:
 
== Maya's ==
De klassike [[Maya's]], fan [[Belize]], [[GuatemalaGûatemala]] en súdlik Meksiko, brochten ek minske-offers, mar fierden se nei alle gedachten ornaris mar op lytse skaal út. Mear waard dien oan [[ierlitten]] út 'e earen, tonge en penis, út wûnen dy't tabrocht waarden mei de stikel fan in [[roch]].
 
By de postklassike Maya's kamen minske-offers, faaks ûnder Azteekske ynfloed, folle mear foar. De meast brûkte metoade derfoar wie wierskynlik ûntholling, mar útskuorren fan it hert, trochboarjen fan it lichem en strûpen waard ek dien. En yn [[Chichén Itzá]] waarden de slachtoffers yn in djippe ''cenote'', in natoerlike kalkstiennen rotspoel, smiten om foar rein te soargjen. Guon goaden hienen boppedat beskate foarkarren; sa hold de reingod [[Chac]] fan berne-offers. It eale bloed, by de offers sekuer opfongen, waard op it hichtepunt fan 'e earetsjinst by it ritueel fan 'e ''p'a chi'' (letterlik "de mûle iependwaan") om 'e mûle fan it goadebyld wreaun. De minske-offers en fral ek it ierlitten wie bedoeld om 'e minsken te ferbinen mei de rest fan 'e Maya-kosmos, benammen mei de njoggen lagen fan ''Xibalba'', de ûnderwrâld.