De Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
ferwizings goed makke en in ûnbegriplike sin derút helle
Rigel 1:
De '''Lege Lannen''' oftewol de '''Nederlannen''' is it leechlizzende gebiet yn West-Jeropa dêr't de steaten [[Nederlân]] en [[Belgje]] lizze. Soms wurdt ek [[Lúksemburch (lân)|LúksemburchLúksemboarch]] ta de Lege Lannen rekkene. De beneaming wurdt fral brûkt troch de skiedskriuwerij om it gebiet mei oan te tsjutten doe't beide (of alle trije) steaten noch net bestiene.
 
== Namme ==
Rigel 7:
 
== Skiednis fan de Lege Lannen ==
Yn de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] makken de lettere Lege Lannen te suden fan de Ryn part út fan it Romeinske Ryk en wie ferdield oer de Romeinske provinsjes [[Gallia Belgica]] en [[Germania Inferior]]. Noardlik fan de Ryn lei [[Germaanje|Germania]], dat mar koarte tiid ûnder Romeinsk bewâld stien hat. Nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]] waarden de Lege Lannen in part fan it [[Frankyske Ryk|Frankyske]] of [[Karolingen|Karolingyske]] ryk, en letter it [[Hillige Roomske Ryk]]. It [[hertochdom Lotaringen]] foel lang om let útinoar yn ferskate dielgebieten, dy, dy't mei de namme [[hartochdom]] of [[Greve (titel)|greefskip]] oantsjutten waarden.
 
Under de [[Midsieuwen]] waarden de hartoggen fan [[Hartochdom Brabân|Brabân]] en [[Hartochdom Gelre|Gelre]], en de greven fan [[Hollân]] en [[Flaanderen]] hearskers oer de lytsere gebieten fan de Lege Lannen. Troch feroverjen en fral troch [[houlikspolityk]] fûn skealfergrutting plak. Sadwaande kaam Hollân ûnder ynfloed fan de greven fan [[Henegouwen]] te stean, en beide tegearre ûnder ynfloed fan it [[Beieren|Beierske]] [[Wittelsbach|Hûs Wittelsbach]].
 
[[Ofbyld:Flag - Low Countries - XVth Century.png|[[Boergondysk krús|De flagge fan de Nederlannen]]|thumb|left|100px]]
Rigel 23:
 
==== Noarden ====
Yn it '''Noarden''' ûntstie yn it tiidrek [[1581]]-[[1588]] de [[Republyk derfan de Sân Feriene Nederlannen]]. Dizze Republyk bestie ûnûnderbrutsen oant [[1795]] doe't Frânske revolúsjonêren in ein makken oan de selstannigens fan de republyk en opfolge wurde soe troch de [[Bataafske Republyk]]. Yn [[1801]] folge it [[Bataafske Mienebest]], dat yn [[1806]] omfoarme waard ta it [[Keninkryk Hollân]]. Dizze trije rezjimen wienen feitlike fazalsteaten fan Frankryk. Fan [[1809]]/[[1810]] oant [[1813]] hearde it Noarden offisjeel ta it [[Earste Frânske Keizerryk]].
 
==== Suden ====