Kleaster Foswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferwizings by makke
Rigel 1:
'''Foswert''' wie in Benediktynsk [[kleaster]] by [[Ferwert]]. Op it terrein stiet no noch in âlde kop-hals-romppleats. Eartiids stie der noch ien, mar dy is ôfbrutsen.
 
== namme ==
De namme hat te krijen mei de goadinne [[Foste]] en [[Fosite]]. Letter is dy namme troch skiedskriuwers feroare ta Foseta, Phoseta en Festa om te besykjen har gelyk te stellen oan de Romeinske Festa, mar dit is skiednisferfalsking.
== skiednis ==
It kleasterterrein hat in bysûndere mar ek tryste skiednis. Yn [[1347]] binne wol twahûndert kleasterlingen stoarn oan de pest. In heale ieu letter ûntstie der skeel mei [[kleaster Klaarkamp]] fan Rinsumageast. Yn in fûle striid waarden tsjerke en toer fan Foswert yn'e brân stutsen troch de kleasterlingen fan Rinsumageast. As ferjilding waarden letter fjouwer manlju fan fan Klaarkamp deamakke.
 
By de tsjerklike herfoarming fan de sechtjinde ieu waarden yn Fryslân de kleasters opheft. De grûn gie ynearsten nei de provinsje, mar dy hat oan it begjin fan de santjinde ieu in diel ferkeapje moatten troch jildpine. It kleaster Foswert waard yn [[1580]] by de [[Byldestoarm]] fernield en yn'e brân stutsen.
 
== It Amelân ==
It kleaster soe neffens in 16e ieuske kronyk lykwols op [[It Amelân]] boud wêze en yn it jier [[866]] en yn [[1066]] nei de fêste wâl ferpleatst wêze. It soe dan yn [[1580]] ôfbrutsen wêze. Neffens deselde kronyk stie op it Amelanner plak oarspronklik in Foste-timpel. Der binne op It Amelân gjin oerbliuwsels ûntdekt fan in kleaster of timpel. De kronyk soe dêrom wol ris in geskiedferfalsking wêze kinne. Dochs binne der in pear nijsgjirrige yndirekte oanwizingen dy't der op wize kinne dat de kronyk in kearn fan wierheid hat. Yn it plakje Nes op It Amelân lizze fûneminten fan in tsjerke. De tsjerke fan Nes en it kleaster by Ferwert hienen beide Johannes de Doper as patroan, en it kleaster Foswert hie lân op It Amelân. By ûndersyk fan de fûneminten fan de Nesser tsjerke bliek dat dizze foar 1100 boud is, en dus op in âlder hillichdom delsetten wêze kin. Boppedat leit yn de buert fan dizze fûneminten de saneamde [[Willibrordsdobbe]], in boarne dy't yn de oerleveringen ferbûn wie mei [[Redbad]] en tinken docht oan dy op [[Helgolân]].