Nearo Klaudius Drusus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
literatuerferwizing
oer de Fryske stipe oan Drusus
Rigel 13:
 
==Drusus yn Fryslân==
Yn [[Fryslân]] is Drusus foaralfral bekend wurden troch syn oerweldiging fan [[Germaanje]] yn [[12 f. Kr.]]. Troch him waarden de [[Friezen]] skatplichtich makke oan it [[Romeinske ryk]] en levere sy hulptroepen oan it ynvaazjeleger fan de Romeinen. Fryske seelju hawwe de Romeinske float oer de [[waadsee]] loadsen en yn it gebiet fan de [[Sjauken]] ticht by de kust yn it noarden wie de Fryske stipe ûnmisber.

Omdat er it nij oermastere gebiet goed yn de knipe hâlde woe, hat er de [[Drususgrêft]] oanlizze litten en om de tafier fan wetter goed regelje te kinnen, liet er by de splitsing fan de [[Ryn]] en de [[Waal]] de '''Drususdaam''' bouwe. De [[Germanen]] hawwe dy daam letter ferwoaste.
 
Nei syn dea yn [[Mainz]] waard Drusus op talrike plakken troch de Romeinske legioenen yn [[Boppe-Germaanje]] en [[Neder-Germaanje]] fereare. De „Drususstien“ yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in tige grut monumint dat oprjochte waard foar Drusus.