Terp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
terp
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 apr 2005 om 05.10

In Terp is in keunstmjittige hichte, oanlein yn de Fryske kuststreken, fan Belgje oant it suden fan Deensk Jutlân.

Bou

Terpen waarden opwurpen troch lagen fan kweldersodden te steapeljen, dêr't ek noch mjoks en bewenningsresten by kamen. Tusken Fly en Lauwers hawwe der al mear as tûsen terpen west. Dit hawwe terpen west foar mar ien pleats, oant en mei terpen foar hiele doarpen, mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan Ezinge, dy't 24 ha. grut wie.

Gebrûk

De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan Hegebeintum, dy't 600 f. Kr. al bewenne wie. Lykwols hawwe de measte terpen oant de 1e ieu f. Kr. net it gâns it jier bewenne west. Fan doe, oant de Frankyske tiid wie dat lykwols al sa.

Neitiid

Likernôch 800 begûn tusken Fly en Lauwers de oanlis fan dyken, wêrtroch it belang fan terpen stadichoan werom rûn. Yn de 19e ieu waard in grut tal fan terpen ôfgroeven, om de fruchtbere grûn yn de lânbou brûke te kinnen. De terpfynsten dy't hjiby dien waarden joegen ynsicht yn de skiednis fan de terpen, en laten úteinlik yn 1965 ta beskerming fan de terpen ûnder de Monumintenwet. Fan de measte doarpsterpen is hjoeddedei lykwols allinnich it part fan de tsjerke mei it hôf tebek.

Halligen

Op de Halligen, dy't lang ûnbedykt bleaun binne, en ek no mar lege dyken hawwe, hawwe de terpen noch hieltiid in funksje.