Jiskenhuzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: fr:Idskenhuizen
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten:: ferklearring
Rigel 35:
* [[Thea Sybesma]] (1960), triatlete en duatlete, is berne yn Jiskenhuzen
 
== Strjitten: ==
*''Bramerstrjitte'' - G. Bramer wie fan 1868-1874 grifformeard dûmny yn Jiskenhuzen. hy rjochte de jongeling- en jonge fammeferiening op. Syn frou stifte in sneinskoalle.
[[Bramer]]strjitte, De Greiden, De Ikkers, Dwarsryd, It Boerein, Lytse Buorren, Lytse Mar, Mastersein, Noed, Stripedyk, [[Troelstra]]wei, Tsjerkewei.
*''De Greiden'' - stik lân foar fee
*''De Ikkers'' - boulân of stik boulân tusken twa fuorgen.
*''Dwarsryd'' - Yn de [[16 ieu]] wie hjir in [[ryd]] (wetter). Bettere namme hie Holle Ryd west, nei de holle grûn dêr't eartiids it wetter op stie.
*''It Boerein'' -
*''Lytse Buorren'' - sydstrjitte fan de Buorren
*''Lytse Mar'' - dyk nei it 'Lytse Marke' in oare namme foar [[Jiskenhúster Mar]]. It rekreaasjeterrein dêr hjit ek de Lytse Mar.
*''Mastersein'' - útein fan it doarp dêr't it skoalmastershûs stie. De steatsskalle is yn 1934 opheft. De measte bern gienen nei ien fan de beide skoallen (oprjochte 1891 en 1923) oan de Noed.
*''Noed'' - dyk tusken Jiskenhuzen en Sint Nyk. Waard ek wol Doarpwyk of Poelwyk neamd. Noed is in stik lân dat ekstra noed freget omdat it sa sompich is.
*''Stripedyk'' - nei de smelle stripe lân dat der neist lei.
*''Troelstrawei'' - nei soajslistysk foaroanman en Frysk skriuwer [[Piter Jelles Troelstra]] (1860-1930) fan [[Teroele]].
*''Tsjerkewei'' - de grifformearde tsjerke dy't yn 1885-1886 boud waard en yn 1920 ferboud.
 
== Sjoch ek ==