Chelmno: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
fersin fuorthelle.
Rigel 5:
Chelmno wie it earste kamp dêr't finzenen op grutte skaal ombrocht waarden. De finzenen waarden yn sletten frachtweinen opsletten en ridende wei waarden dan de útlitgassen werom yn de laadromte brocht. It duorre sa'n 7 minuten eardat men dea wie. Men ried fan it ''Schlosslager'' nei it ''Waldlager'' en dêr, yn de bosk, waarden de liken yn massagrêven bedobbe. Dat barde troch de ''[[Sonderkommando]]s'' fan de [[Schutzstaffel|SS]] oanfold mei joadske finzenen. Om't dy grêven op grutte ôfstân lange tiid te rûken wiene, gie men letter oer ta it ferbaarnen fan de liken yn de iepen loft.
 
It kamp waard op [[8 desimber]] [[1941]] iepene en hat bestien oant maart [[1943]], doe waard ek it kastiel opblazen. De joaden út it Wartheland Distrikt (út de omkriten fan Chelmo) wiene doe allegear ferneatige. It kamp waard opnij yn gebrûk nommen yn [[1944]]. It wiene doe foaral [[joaden]] út it getto fan Łódź dy't dêr harren ein fûnen. Yn de rin fan de oarloch waarden ek [[Hongarije|Hongaarske]] en [[Tsjechje|Tsjechyske]] joaden en [[Ruslân|Russyske]] kriichsfinzenen nei kamp deportearre. Men rûst it tal slachtoffers op sa'n 360.000 minsken, mar guon ûndersikers fine dat te heech.
 
== Keppeling om utens ==