Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
wer even oan wurke
Rigel 9:
==De earste hearskers==
===De Sjang===
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr]] oant [[11221046 f.Kr.]]. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch de sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.
 
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch him waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht útoefene waard nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.
Rigel 16:
Yn de [[11e ieu f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd [[Lo-jang]] dy't troch har stiften waard. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as de Sjang. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.
 
De iere oarde fan de Tsjow hat oant [[771 f.Kr.]] doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsgroei en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as [[Konfusius]] en [[Tao]].
 
De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei [[256 f.Kr.]].
 
==It tiidrek fan de keizerriken==
Yn [[221 f.Kr.]] ûnderwurp [[Kwin Sy Hwangty]], de kening fan de Tjin alle doedestiidsedoedestiids steaten yn Sina en naam de titel fan ''hwang-tihwangty'', keizerferhevene oan.foarst Neidatof ynkeizer [[208 foan.Kr.]] oeralHy opstannenwie útbrutsen,in brocht [[Lioe Tji]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynastywrede fredehearsker. UtYn de Hantiidkrigen datearretdy't detroch grutstehim útwreidingfierd fanwaarden, Sina:binne nei italle westengedachten tsjinwol deoardel ynfallendemiljoen [[nomaden]]stammendeaden útfallen. Sintraal-Aazje,Oan neidizze it suden yn itkeizer tsjintwurdigehat Sina besudenhar denamme rivierte de [[Jang-tse]]tankjen. MarHy neikreëarre in gruttesteatsysteem boereopstândat fanmei detuskenskoften saneamdemear [[Gielmutsen]]as (eintwa [[2etûzen ieu]]jierren enlang inkelestân paleisrevolúsjeshâlde foel de ienheidssteat fan de Han yn trije riken útinoarsoe. PasMaten ynen [[589]]gewichten waardwaarden Sinastanderdisearre, opnijwetten werienigekodifisearre ûnder de [[Swei-dynasty]] dy'ten yn [[618]]hiel ferfongenit waardryk trochkamen demar [[T'ang-dynasty]]der (oantien [[907]], dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreidingmunt en bloeiien meiskrift. útein sette.
 
Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Kwin Sy Hwangty oeral opstannen útbrutsen, brocht [[Lioe Tji]] yn [[208 f.Kr.]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende [[nomaden]]stammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de [[Jang-tse]] oant en mei it tsjinwurdige [[Fietnam]]. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant [[9|9 n.Kr.]] en in westlik tiidrek (9-[[220|220 n.Kr.]] troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It [[Konfusianisme]] waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst, de [[Sineense Muorre]] kaam ôf. Nei it westen ûntstie de [[syderûte]] en yn [[105]] die [[Kai Lun]] syn wichtige ûntdekking fan [[papier]].
 
Yn de rin fan de [[2e ieu]] rekke de hearskippij fan de Han lykwols yn ferfal en nei in grutte boereopstân fan de saneamde [[Gielmutsen]] en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat yn trije riken útinoar. Pas yn [[589]] waard Sina opnij werienige ûnder de [[Swei-dynasty]] dy't yn [[618]] ferfongen waard troch de [[T'ang-dynasty]] (oant [[907]], dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.
 
It [[boedisme]] hie Sina yn de twadde helte fan de [[1e ieu]] berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de ieuwen fan politike ferdieldheid.