===Folksrepubyk Sina===
[[Ofbyld:Mao Zedong.jpg|right|thumb|200px|Mao Zedong]]
De ein fan de Twadde Wrâldkriich brocht lykwols gien frede yn Sina. It lân foel wer te proai oan in boargeroarloch. Diskear tusken de [[kommunisme|kommunisten]] fan [[Mao Zedong]] en it republikeinske leger fan de Kwo Min Tang. Oan dizze oarloch kaam in ein yn [[1949]] troch de oerwinning fan de kommunisten. Mao Zedong kaam oan de macht en de Kwo Min Tang regearing mei har oanhingers flechten nei [[Taiwan]]. Troch Mao waard in diktatoriaal bewâld festige mei in strike kontrôle oer it deistich libben yn Sina dat it libben kostje soe oan miljoenen minsken.