Ferskil tusken ferzjes fan "Spoar fan Ljouwert nei Starum"

plannen steamtrein
(plannen steamtrein)
It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]], mar fan [[1890]] ôf waard it part fan de [[Hollânske Spoarweimaatskippij]]. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. As gefolch dêrfan waard yn [[1934]] Nijhuzum sletten, en waarden yn [[1938]] alle stasjons sletten, útsein dy fan Ljouwert, Snits, Warkum, Hylpen en Starum. Yn 1940 waarden alle stasjons wer iepene, útsein Warns en Nijhuzum, mar datselde jier waarden de stasjons tusken Ljouwert en Snits wer sletten, en yn [[1941]] ek de stasjons tusken Snits en Warkum. Allinnich Boazum waard yn [[1943]] nochris iepene, mar yn [[1944]] waard ek dat stasjon definityf sletten. Nei't yn [[1964]] it [[fear]] ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer.
 
Yn [[1972]] waard lykwols it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon. Yn [[1973]] krige Snits as earste plak yn Fryslân in twadde stasjon mei Snits Noard. En yn [[1985]] waard in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn [[1999]] waard [[NoardNed]] as nije gebruker oanwiisd. in[[ProRail]] is ProRail de tasjoch haldertasjochhâlder.
 
== Takomst ==
Sûnt [[1964]] is ferskate kearen útstelt en hef it spoar op, of yn elts gefal it part fan Snits nei Starum. Meast wurdt dan útstelt en ferfang it spoar troch in [[bus]]ferbining. Mar sûnt it idee fan de [[sweeftrein]] besprutsen wurdt, wurdt as alternatyf ek de rûte Ljouwert, Starum, Inkhuzen, Amsterdam neamt, mei in fear, in [[tunnel]] of sels in dyk. De provinsje Fryslân stjoert lykwols oan op in [[lichtspoar]]ferbining. Ek de [[Stifting Stoomtrein Fryslân]] stelt belang yn it spoar; dy wolhat fierútwurke plannen om fan Snits nei Starum as de [[Fryske Steamtrein Maatskippij]] in museumstoomtrein ride te litte.
 
== Bysûndere halten ==