Buma (laach): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
tikflaterke
Rigel 3:
Bekend is it laach út [[Dearsum]], dêr't ien fan de namme Buma oannimt fan syn frou. Dêr binne Gerlacus Buma (1732 - 1807), Bernardus Buma en Wiardus Willem Buma fuortkaam.<ref>{{Aut|Brouwer, J. H.}}, Encyclopedie van Friesland, 1958. ''Buma''</ref>
 
By [[Weidum]] leit it partikuliere begraafplak fan de Fryske Buma's. De pleats yn de omkriten hie it hôf op'e noed en de pachtopbringst waard brûkt foar it ûnderhâld. Op de homeie fan it hôf steannesteane de liuwen fan it laach Buma en it laach Hora Siccama. As stifters fan dit tsjerkhôf kinne Rolina Hora Maria Siccema en har man, Bernhardus Buma (1770-1838), beskôge wurde.
 
Yn 1839 kaam it tsjerkhôf yn famyljebesit, eigner waard harren soan Mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873) troud mei Maria de With (1803-1878). Harren soan Bernhardus (1826-1892) naam de namme Hopperus Buma oan <ref>Keninklik Beslút. d.d. 3 novimber 1867 nr. 140</ref> en waard dêrtroch de stamheit fan it laach '''Hopperus Buma'''. In oare soan, Sijbrand van Haersma (1830-1886), naam de namme '''Van Haersma Buma''' oan <ref>Keninklik Beslút. d.d. 30 jannewaris 1870 nr. 13</ref> en waard sa de stamheit fan it laach Van Haersma Buma.