Ferskil tusken ferzjes fan "Brandaris"

4 bytes grutter ,  11 jier lyn
ferw. en lyts guod
L (Bot - derby: de:Brandaris, en:Brandaris)
(ferw. en lyts guod)
De earste Brandaristoer waard yn [[1323]] boud, om foar skippen, op wei nei Amsterdam, oer de [[Sudersee]], de neare iepening tusken [[Flylân]] en Skylge oan te jaan. In goede markearring wie needsaaklik omdat de waadeilannen in soad op inoar lykje fan de [[Noardsee]] ôf besjoen.
 
De see friet lykwols oan Skylge en de earste Brandaris stoarte om [[1570]] hinne yn see. It hat oant [[1592]] duorre eardat men oan in konstruksje fan in twade toer begûn, mar dizze stoarte yn foardat hy klear wie, omdat der minne boumaterialen brûkt wiene. De hjoeddeiske toer is fan [[1594]]. Op âlde printen hat de toer noch in piramidefoarmige punt. Yn [[1666]], yn de [[Twadde Ingelske Oarloch]], is de toer sparre bleaun doe't Ingelske soldaten oan lân kamen en de huzen fan West-Skylge platbaarnden. Ek it gemeentehûs en de herfoarme tsjerke bleaune besparre. Yn in perioade fan de [[18e ieu]] wie de Brandaris gjin ljochtbeaken. Doe waard in fjoerboet brûkt, in platfoarm op in heech dún dêr't in koalefjoer op stookt waard. Yn [[1837]] waard de Brandaris de earste Nederlânske fjoertoer mei in draaiende [[Fresnellins]]. [[Elektrifikaasje]] folge yn [[1907]]. Yn 1994 waard it 400-jierrich bestean fan de toer fierd. It ljocht is no folslein automatysk.
 
De Brandaris hat spesjale fûgelferljochting om foar te kommen dat fûgels tsjin de toer fleane. Sa wurdt de hiele toer ferljochte en binne der stekken foar it ljocht set.
==Beskriuwing==
Technyske bysûnderheden:
Ljochtfrekwinsje: 0,3 sek. ljocht, 4,7 sekcsek. tsjuster.
[[Ofbyld:Brandaris.onderaf.JPG|thumb|left|125px|De Brandaris fan ûnderôf]]
{| BORDER="0"
84.780

bewurkings