Kingmastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Kingma State''' is in eardere stins by it doarp SWeins, in fjouwer kilometer bûten Frjentsjer. De âldst bekende bewenner is in Jelle (thoe) Kingum, dy't om 1500 hinne op d...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 okt 2009 om 09.21

Kingma State is in eardere stins by it doarp SWeins, in fjouwer kilometer bûten Frjentsjer.

De âldst bekende bewenner is in Jelle (thoe) Kingum, dy't om 1500 hinne op de stins wenne. Syn neisieten ha dêr oant ein 16e ieu wenne. De lêste ôfstammeling fan Jellewie Ignatius fan Kingma. Hy wie brigadier en kolonel fan de Ruterij fan de Feriene Nederlannen en waard nei syn fertsjerren by de oare Kingma's begroeven yn de Reginatstsjerke fan Sweins. Op ien fan de grêfsarken stiet it famyljewapen.

De stins, dy't earst oantsjutten waard as Kinghum,wie yn dizze tiid in saneamde rjochtfierende state yn it Aester Fiarndel fan Frjentsjerteradiel. Kinghum wie oer de dyk ferbûn mei Frjentsjer middels in brêge (Kingmatille), oer de trekfeart fan Harns nei Ljouwert, mei Winsum.

De state stie mei in opfeart yn ferbining mei de trekfeart. Lâns de opfeart rûn de oprydleane. It haadgebou stie mei de foarkant nei it easten (Sweins) oriïntearre en lei tusken in boask oan de noardkant en en ferskate tunen, wêrûnder in binnentún en in kokentún.

Mids 19e ieu ferstoar de lêste bewenner fan fan de Kingma State, Julius Mathijs fan Beyma. De state waard by opbod ferkocht, en fdêrnei ôfbrutsen en de grûnen dêr't it op stie waarden ôfgroeven.

Yn 2001 waard de stifting Herstel Kingma State oprjochte. Doel is it herstel fan it lângoed yn moderne foarm. De plannen bestean út de bou fan fjouwer oant seis wenten om in mienskiplik binnenplak yn in parkeftige omjouwing.

Keppeling om utens