George Harrison: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ik haw de stavering hifke
ferw. en lyts guod
Rigel 7:
Syn muzikale wurkpaad begûn op skoalle dêr't hy yn de band '[[The Quarrymen]]' spile, mei syn freonen [[John Lennon]] en [[Paul McCartney]] en dy't him by Lennon yntrodusearre. Mei Paul, John Lennon, [[Stuart Sutcliffe]] en [[Pete Best]] (letter ferfongen troch [[Ringo Starr]]) foarme hy yn [[1959]] de band '[[Silver Beatles]]', dêrnei de Beatals en yn [[1960]] feroaren se de namme yn 'The Beatles' en waarden frege yn Dútslân op te treden. Dat wie it begjin fan de súksesstory fan de groep dy't tsien jierren duorre hat.
 
As komponist waard hy binnen de Beatles neffens eigen sizzen noait hielendal erkend, ûndersnijd as er waard troch it gruttere súkses en de dominânsje fan it keppel Lennon-McCartney. PasEarst yn [[1969]] waard Harrison troch kritisy muzikaal op deselde line steld mei Lennon en McCartney nei it ferskinen fan de elpee ''Abbey Road'' wêrop syn komposysjes ''Something'' en ''Here Comes The Sun'' stean. Mar doe wie de ynbring fan de oare twa Beatles al minder wurden.
 
== Solokarrière ==
Yn novimber [[1968]] waard de earste soloplaat fan Harrison útbrocht ûnder de titel ''Wonderwall Music''. In jier letter ferskynde ''Electronic Sounds'' wêrop Harrison mei de moog -[[synthesizer]] eksperimintearre. Neidat McCartney de Beatles yn april [[1970]] ferlitten hie gong elkenien syn eigen paad. Harrison setsette útein mei in solokarriêre. Noch yn 1970 ferskine syn tredde album ''All Things Must Pass'', mei dêrop de grutte hit ''[[My Sweet Lord]]''. It is fuort in trijedûbel album: it is dúdlik dat Harrison hearre litte wol wat hy al dy jierren net kwyt koe op de Beatles-albums. 'All Things Must Pass' is in klassyk album fan de jierren 70. Neffens de measten soe hy letter, kwalitatyf besjoen, dat album ek net mear oertreffe.
 
As earste eks-Beatle makke hy yn [[1974]] in toernee troch de Feriene Steaten. Syn ynteresse foar easterske [[spiritualiteit]] brocht him oan de fuotten fan fan Yndiaaske goeroes[[goeroe]]s en dat hie syn wjerslach op de muzyk dy't hy komponearre. Mids jierren 60 bygelyks ferwurke hy al easterske ynstruminten lykas de [[sitar]] yn nûmers fan de Beatles (Lennons ''[[Norwegian Wood (This Bird Has Flown)]]'' (1965) en syn eigen ''[[Love You To]]'' út 1966). Letter trede er op mei de Yndiaaske musikus [[Ravi Shankar (musikus)|Ravi Shankar]].
 
Nei de moard op John Lennon yn [[1980]], makken de oare Beatles yn [[1981]] as earebetoan oan him mei inoar it nûmer it ''All Those Years Ago'', dat in hit waard yn de [[FerineFeriene Steaten]]. It nûmer is skreaun troch George Harrison en stiet op it album ''Somewhere in England''.
 
''Cloud Nine'' is in comeback -album foar Harrison. Mei ''Got My Mind Set on You' en 'When We Was Fab' keart hy werom yn de heechste regioanen fan de hitparade.
 
Ein jierren 80 hat Harrison in protte súkses as foaroansteand lid fan de band [[Traveling Wilburys]]. Dizze band makke twa albums mar stoppet troch it ferstjerren fan [[Roy Orbison]], in oar wichtich bandlid.
 
Yn 2002 ferskine, nei syn dea, syn lêste album ''Brainwashed''. It album is troch syn soan [[Dhani Harrison]] ôfmakke en ûntfong lovende kritiken.
 
Op 29 novimber 2002, in jier nei dat George Harrison ferstoarn wie, waard der yn de [[Royal Albert Hall]] in spesjaal konsert hâlden as earebetoan oan Harrison. Under oaren Paul McCartney, Ringo Starr, [[Eric Clapton]], Ravi Shankar en [[Billy Preston]] spilen dy jûn songs fan Harrison. Yn 2003 waard dat konsert útbrocht op KD en DVD ûnder de titel ''The Concert For George''.
Rigel 30:
 
== Ferstjerren ==
George Harrison troude twa kear, op [[21 jannearis]] [[1966]] mei [[Pattie Boyd]], de lettere frou fan Harrison syn freon [[Eric Clapton]], fan wa't hy op [[9 juny]] [[1977]] skiede, en op [[2 septimber]] [[1978]] mei [[Olivia Arias]], mei wa't hy in soan hie. Yn [[1998]] waard bekend dat hy behannele wie foar kielkanker en in jier letter, op [[30 desimber]] [[1999]] betrape hy in ynbrekker yn syn eigen hûs dêr't hy stekwûne en in [[klaplong]] oprûn. Op [[9 july]] [[2001]] makke Harrison bekend dat er opnij [[kanker]] hie en yn [[Switserlân]] [[radioterapy|bestriele]] waard. Op [[29 novimber]] [[2001]] lang om let ferstoar hy yn [[Los Angeles]] oan de gefolgen fan syn sykte.
 
== Soloalbums ==