Amfiteater: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|right|250px|It amfiteater fan Arles. Dit teater wurdt ek no noch brûkt foar konserten. In '''amfiteater''' is in rûn of ovaal iepen gebou út de [[Romei...
 
ik haw de stavering wat oanpast
Rigel 1:
[[Ofbyld:Arlesarena.jpg|thumb|right|250px|''It amfiteater fan Arles. Dit teater wurdt ek no noch brûkt foar konserten.'']]
 
In '''amfiteater''' is in rûn of ovaal iepen gebou út de [[Romeinen|Romeinske]] âldheid dat benammen brûkt waard foar [[gladiator]]fjochtpartijen, jachtpartijen en fjochterijen mei wylde bisten. It wurd is in gearfoeging fan de wurden ''amfi'', dat ''oan beide kanten'' betsjut en ''teater'', dat ''oanskôgplak betsjutoanskôgingsplak'' betsjut, omdat it de foarm fan twa tsjin elkoar sette healrûne teaters hat.
 
Eins binne amfiteaters de foarrinners fan nijmoadrige [[stadion]]s en [[arena]]’s.
 
== Foarskiednis ==
Ut de tiid fan de [[Etrusken]] stamje de earste histoaryske feiten wat lykspullen oangiet. By de beïerdiging fan immen organisearren de neibesteanden fjochtpartijen tusken persoanen terta eare fan de deade. Dizze fjochtpartijen waarden ''munera'' neamd, wat ferplichting betsjut.
 
Folle letter, yn de tiid fan it [[Romeinske tiidrek]], nimme dizze riten in selsstannige foarm oan en wurde de fjochtpartijen troch [[senator|senatoaren]] organisearre om it publyk te fermeitsjefermeitsjen. Sa krigen de senatoaren de geunst fan it publyk. Ek no noch waarden dizze fjochtpartijen munera neamd.
 
==Hystoarysk Histoarysk Amfiteater ==
[[Ofbyld:Colosseum-interior.01.JPG|thumb|right|250px|''It Kolosseum fan Rome.'']]
 
It earste permaninte bekende Romeinske amfiteater waard boud yn [[Pompeii]] neidat in [[koloania]] of Romeinske feteranen harren dêr te plak setten hienen yn [[80 foar Kristus]]. Foar dy tiid waarden fjochterijen hâlden yn it forum fan [[Rome]] en oare stêden.
 
It meast ferneamdferneamde amfiteater is it [[Kolosseum]] fan Rome, mar ek op guon oare plakken fan it eardere [[Romeinske Ryk]] binne noch amfiteaters te finefinen. De amfiteaters fan plakken as [[Verona]] yn [[Itaalje]] en [[Nimes]] en [[Arles]] yn [[Frankryk]] binne hast noch hielendal heul en wurde tsjintwurdich brûkt foar opera’s en tonielfoarstellingstoanielfoarstellings. Yn Frankryk wurde der ek wol bollefjochterijen hâlden. Ek oare amfiteaters, bylgelyks dy fan [[Pula]] yn [[Kroaasje]], binne noch yn in goeie steat en wurde brûkt foar sjongerij en dat soarte saken. Yn [[El Djerm]] yn [[Tuneezje]], [[Trier]] yn [[Dútslân]] en tal fan oare plakken binne ek noch oerbliuwsels fan âlde amfiteaters te sjen.
 
In amfiteater bûten Itaalje waard troch de Romeinen sjoen as in symboal fan Romeinsk boargerskip. Der binne sa’n 230 amfiteaters fûn troch it hiele gebiet fan it eardere Romeinske Ryk.
Rigel 22:
 
Skaaimerken fan amfiteaters út dy tiid binne:
*In ûnder de arena en de tribunes rinnende haadgong dy’t lykop rint mei de lange as mei tal fan sydpaden en romten foar (rôf)bisten, terta dea feroardielden en opslach pleatsenopslachplakken foar materiaal.
* De flier fan de arena wie fan hout, mei dêrop in dikke laach sân. Dit wie nedich om it bloed op te fangen. It sân waard sa no en dan ek ferfong.
* By it Kolosseum wie de arena fan de tribunes skieden troch in fjouwer meter hege muorre mei lege iepenings mei (nei alle gedachten) duorrendoarren wêrtroch't de liken fan deade bisten en minsken út de arena sleept waarden.
*De tribunes wienen ferdield nei sosjale status. De bêste pleatsenplakken foaroan wienen foar minsken mei hege funksjes, dêrboppe kamen de sitplakken foar de bettere begoedige stân en dêr wer boppe de plakken foar it gewoane folk. De froulju fan de senatoaren sieten nei alle gedachten hielendal boppe yn.
 
=== De spullen ===
[[Ofbyld:Pula by Martin - Amphitheatre 17.JPG|thumb|right|''It amfiteater fan Pula, ek dit teater wurdt tsjintwurdich noch brûkt foar tsjongerij en foarstellings.'']]
 
Rigel 35:
*Middeis: Gladiatoaren, man-tsjin-man fjochterijen.
 
Tusken de programma’s troch waarden der ek wol aktiviteiten hâlden mei muzykantenmuzikanten en waarden der lytse kado’s it publyk ynsmiten, bygelyks bôle. Yn it skoft waard de arena wer yn oarder brocht foar de neikommende foarstelling.
 
=== Om it amfiteater hinne ===
Om it amfiteater hinne stienen faaks gebouwen dy’t mei it teater te krijen hienen. Sa stie der faaks in hospitaal neist, mar ek in lykhûs en in kringebak. Yn Rome stienen om it Kolosseum hinne in stik as wat treningsarena’s foar de gladiators. Ien dêrfan, it [[Ludus Magnus]], is foar in diel wer opgroeven.
 
== Tydlike en nijmoadrige amfiteaters ==
[[Ofbyld:Hollywood bowl and sign.jpg|thumb|left|''De Hollywood Bowl yn de Feriene Steaten''.]]
 
Tsjintwurdich wurdt der wol gebrûk makke fan tydlike amfiteaters, of nijmoadrich amfiteater. Der moat dan net tocht wurde oan de ovalen amfiteaters fan earder, mar oan de Grykske foarm fan in teater, in heale ovaal. Dit soarte amfiteater wurdt hjoed de dei in protte brûkt foar muzykkonserten en foarstellings. Ek by [[iepenloftspul]]len wurdt wol gebrûk makke fan in soart fan nijmoadrich amfiteater.
 
Dit soart amfiteater is in protte yn de [[Feriene Steaten]] te finen. Dêr is ek it grutste fan dit soart, it [[Hyundai Pavilion]] yn [[Devore]]. Hjir kinne wol 65.000 minsken yn. In oar ferneamd gebou is de [[Hollywood Bowl]], wêr’tdêr’t in protte grutte konserten hâlden wurde.
 
== Natuerlike amfiteaters ==
In natuerlik amfiteater is in romte datdy't leit yn in plak mei steile hellings of stienformaasjes datdy't op natuerlike wize lûd wjerkeatstwjerkeatse. Sadwaande is it goed te brûken foar foarstellings. Dizze plakken hoege net perfoarst foar dat doel brûkt te wurde.
 
Foarbylden binne [[Drakensberch]] amfiteater yn [[Súd-Afrika]], de Gorge Amfiteater yn de Feriene Steaten en it Echo amfiteater yn [[Nij-Meksiko]].
[[Kategory:Romeinen]]
 
[[az:Amfiteatr]]
[[bs:Amfiteatar]]