Beetstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 11:
}}
'''Beetstersweach''' is it haadplak fan de gemeente [[Opsterlân]]. It doarp leit súd fan [[Drachten]]. Beetstersweach hat likernôch 3.747 ynwenners (2006). Der binne in iepenbiere skoalle (De Trime) en in kristlike basisskoalle (De Paedwizer). Skoalle Lyndensteyn is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal en fuortset ûnderwiis.
 
== Skiednis ==
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp troch de [[adel]] dy't it oansjen fan it doarp bepaalde. No noch hat it doarp dit karakter, mids de bosken en heidefjilden en mei in buorren mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen. De buorren binne minstens trije-en-in-heale ieu âld en de histoaryske pannen binne stille tsjûgen fan de rike adel yn de 18e en 19e ieu. De foarfaar fan dy famyljes is [[Teije Eabels]] dy’t yn de earste helte fan de 16e ieu yn Duerswâld wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit grytman.
[[Ofbyld:Lauswolt.jpg|thumb|Lângoed [[Lauswolt]] yn Beetstersweach]]
Yn de earste wike fan 2007 kaam it doarp ynienen prominint yn it nijs trochdat der [[formaasje]] besprekkingen foar it nije kabinet hâlden binne tusken CDA, PvdA en de ChristenUnie. [[Jan Peter Balkenende]], [[Wouter Bos]] en [[André Rouvoet]] oerleinen dêr efter tichte doarren op lângoed Lauswolt ûnder lieding fan [[ynformateur]] Herman Wijffels.
[[Ofbyld:Lyndenstein.jpg|thumb|''[[Lyndensteyn]] yn Beetstersweach'']]
 
== Gebouwen ==
Beetstersweach kenmerket him benammen troch de moaie bosken.
Ien fan de bekendste gebouwen is [[Lyndensteyn]]. Dit simmerferbliuw út [[1821]] fan de famylje Van Lynden is lettter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. Dizze stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in gratis sikehûs foar Fryske bern yn stân hâlde. No wurdt it âlde hearehûs brûkt as revalidaasjesintrum.
Line 26 ⟶ 27:
* [[Kantongerjocht]] (1811)
* [[Harinxmastate]]
[[Ofbyld:Lycklamahuis.jpg|thumb|''Lycklamahûs yn Beetstersweach'']]
In pear hûndert meter út de beboude kom leit, tsjin de bosk oan, it lângoed Lauswolt dat no in hotel is, wêr't yn jannewaris 2007 de 'geheime' besprekkingen hâlden waarden foar de kabinetsformaasje. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'.
 
Line 38 ⟶ 39:
* [[Hilbert van der Duim]] ([[4 augustus]] [[1957]]), reedrider
 
=== Wenjend yn Beetstersweach ===
* [[Rutger Hauer]] - akteur
* [[Loek Hermans]] - foarsitter MKB
* [[Wopke de Vegt]] - reedriderstrener
* [[Joop Wittermans]] - akteur, toanielspiler
[[Ofbyld:Harinxmastate.jpg|thumb|''Harinxmastate yn Beetstersweach'']]
 
=== Ferieningen ===
* Frisia - gymnastyk
* [[VV De Sweach]] - fuotbal
 
=== Befolking: ===
*[[1954]] - 1262
*[[1959]] - 1517
Line 55 ⟶ 57:
*[[1973]] - 2759
*[[2005]] - 3607
 
== Strjitten ==
Alle [[strjitten yn Beetstersweach]].
 
==Keppeling om utens==
* [http://62.221.253.2/~tymo/Beetsterzwaag%20Digitaal/home.htm Webstee Beetstersweach]
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
== Keppeling om utens ==
* [http://62.221.253.2/~tymo/Beetsterzwaag%20Digitaal/home.htm Webstee Beetstersweach]
 
[[Kategory:Opsterlân]]