Wetterskip Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L keppelings
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 39:
* ''Feilichheid''. Hjirûnder falle de rampebestriding en it ûnderhâld, de ferbettering en it beweitsjen fan hast 190 km ''[[primêre wetterkearing]]s''. Hjirmei wurde de diken bedoeld lâns de [[Iselmar]], de [[Waadsee]], op It Amelân en Skylge en inkele diken by de grins mei [[Oerisel]]. De soarch foar de ''[[sekundêre wetterkearing]]s'' (de diken efter de seediken lâns de Waadsee en by de [[Lauwersmar]], en ek mear as 3600 km [[ouwer]]s en [[kaai]]en yn de provinsje) falt hjir ek ûnder. Ek de [[muskusrôt]]bestriding is der in ûnderdiel fan. Fierders heart ek it behear en it ûnderhâld fan hûnderten [[Gemaal (wetterbou)|gemalen]] yn Fryslân by dizze taak.
* ''Genôch wetter''. Fan alle oerflaktewetters yn Fryslân is yn in ''Provinsjaal Wetterhúshâldingsplan'' fêstlein hokker funksje se ferfolje. It Wetterskip Fryslân is derfoar ferantwurdlik dat yn al dizze gebieten ferskate (soms tsjinstridige) belangen fan bygelyks lânbou, natoerbehear en skipfeart sa goed mooglik mei elkoar feriene wurde. In wichtich aspekt dêrfan is it hanthavenjen fan de [[Peil|wetterpeilen]]. Dizze binne troch it wetterskip fêstlein yn [[peilbeslút|peilbesluten]] en kinne per gebiet en seizoen ferskillend wêze. Foar de útfiering fan dizze taak makket it Wetterskip Fryslân gebrûk fan [[spuislûs|spuislûzen]], wêrfan de wichtichste dy yn [[Dokkumer Nije Silen]] en [[Harns (stêd)|Harns]] binne. Ek it [[Yr. D.F. Woudagemaal]] by [[Teakesyl]] en it [[J.L. Hooglandgemaal]] yn [[Starum]] spylje hjirby in rol. Mei dizze beide gemalen kin teffens yn tiden fan droechte wetter út de Iselmar ynlitten wurde yn de provinsje. Yn gefal van wetteroerlêst kin it wetterskip foar it bemeallen fan de Fryske boezem ek tsientallen [[poldermole]]s ynsette, wêrfan de organisaasje in oantal yn eigendom hat.
* ''Skjin wetter''. Ek de [[Wettersuvering|suvering]] fan it oerflaktewetter yn Fryslân falt ûnder de ferantwurdlikheid fan it Wetterskip Fryslân. Foar it útfieren fan dizedizze taak, dy’t ek yn it wetterhúshâldingsplan omskreaun is, brûkt it wetterskip in tritich [[rioelwettersuveringsynstallaasje]]s ferspraat oer de provinsje. It wurket hjirby gear mei gemeenten en de provinsje.
 
== Organisaasje ==