Balthasar Bekker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kepp. derby
ferw.
Rigel 18:
Syn opfettings brochten him yn konflikt mei tsjerklike autoriteiten. It waard him ûnmooglik makke te preekjen. Bekker waard yn 1692 útsluten fan it [[Jûnsmiel]] en ôfsetten as predikant. Hy hold syn traktemint, wierskynlik krige hy beskerming fan de boargemasters [[Nicolaes Witsen]] en [[Johannes Hudde]]. [[Erich Walten]], in út [[Hamm]] ôfkomstige studint en masterlik pamfletskriuwer, ferdigene him, mar ek [[Romeyn de Hooghe]]. Walten waard opsluten yn de [[Finzenenoarte (Den Haach)|Finzenpoarte]] yn Den Haach en plege mooglik selsmoard. Bekker wenne in oantal jierren by syn soan op de Hinnemastate, wat ten easten fan [[Jelsum]]. Balthasar Bekker besocht noch in pear kear om talitten te wurden ta it jûnsmiel, yn Jelsum en yn Weesp.
 
Balthasar stoar yn Amsterdam, mar leit begroeven yn it famyljegrêf fan syn twadde frou Froukje yn Jelsum. Mei har bruorren Bernardus en Franciscus Fullenius, resp. heechlearaar wiskunde, [[lânmjitkunde]] en festingbou oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en boargemaster fan Frjentsjer dielde Bekker in soad ynteresses. [[Johannes Henricus Bekker|Johannes Hendricus]], syn soan, skreau in boekje oer it stjerbêd fan syn heit, dy't oan de [[pleuris]] stoar. Nei oanlieding fan syn dea ferskynde in bitend grêfskrift, út it Frânsk oersetten: ''Om de duivel te vergeten, Balthasar, zo moet je weten, dat ik, in plat Hollands, zeg: Bekker, houd je bakhuis weg.'' (''Om de duvel te jitten, Balthasar, sa moasto witte, dat ik, yn plat Hollânsk, sis: Bekker, hâld dyn bakhûs wei.'')
 
''De betoverde weereld'' hat mear as in ieu de geasten dwaande hâlden. It wurk joech de oanset ta de ôfskaffing fan de hekseferfolgingen. Net minder hat Bekker deroan bydroegen dat men de bewenners fan de dolhuzen net as besetenen, mar as siken beskôge. Yn 2002 is der fan him in stânbyld setten yn de buorren fan [[Mitselwier]].