Navidukt Krabbersgat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|right|250px|''It Navidukt Krabbersgat by Inkhuzen.'' It '''Navidukt Krabbersgat''' is in navidukt by Inkhuzen. It ...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Naviduct Enkhuizen Pseudopanorama 20081227.jpg|thumb|right|250px|''It Navidukt Krabbersgat by Inkhuzen.'']]
 
It '''Navidukt Krabbersgat''' is in [[navidukt]] by [[Inkhuzen]]. It is it earste navidukt dat ea boud is en waard iepene yn [[2003]]. De sluzenslûzen yn it navidukt hawwe in langtelingte fan 125 meter, in breedte fan 12,5 meter en in drompeldjipte fan 4,50 meter -[[NAP]].
 
Sûnt [[1975]] wurdt de [[Markermar]] skieden fan de [[Iselmar]] troch de [[Houtribdyk]]. Dizze dyk wie oanlein as mooglike grins fan de oan te lizzen [[Markerwaard]]. De [[Krabbersgatslús]] by Inkhuzen moast it farferkear tusken de beide marren fersoargje. Mar de slús krúsket de [[autowei]] [[N302]], wêrtroch sawol it wetter- as it weiferkear bot lêst hie fan de situaasje. Healwei de njoggentiger jierren waard besletten om hjir in akwadukt oan te lizzen.
 
Omdat de ferbining tusken de Markermar en de Iselmar allinnich troch it meitsjen fan in slús makke wurde koe, is der keazen foar de bou fan in navidukt, wêr’tdêr’t de wei dan ûnder de dûbele slús troch giet.
 
[[Ofbyld:Naviduct2.jpg|thumb|right|250px|''In loftfoto fan it Navidukt Krabbersgat.'']]
 
It navidukt is yn in spesjaal foar it navidukt oanleine [[polder]] boud. Dizze polder, yn de foarm fan in rút, hat in langtelingte fan 500 meter en is 160 meter breed. De polder is foarme troch daamwannen yn te slaan oant yn de klaailaach op 25 meter -NAP. De dyk fan de polder giet oant 6 meter +NAP. Omdat de sluzenslûzen net yn it lân boud binne, mar frij yn de loft, moatte se goed wetterticht makke wurde. Eltse slúskolk bestiet út 7 dielen, in middenpart, fjouwer slúsparten en in twa kopparten. De kop- en de middenparten binne oan elkoar keppele, de rest is los fan elkoar boud.
 
It navidukt is lykas de polder op stiel fundearre. Hjirtroch is it besteande grûnpakket oant op in djipte fan 11,50 meter -NAP fuortbaggere en ferfong troch in sânlaach. Dit om genôch styfheitstiifheid yn de grûn te krijen. Auto’s krúskje it navidukt op 10,80 meter -NAP. Om wetteroerlêst te foarkommen is de grûnwetterspegel yn de polder ferlege oant 12.00 meter -NAP. In wiidweidich drainaazje- en suveringssysteem soarget foar in goede wetterôffier as der tefolle delslach is.