Deastraf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De '''deastraf''' kaam yn de Midsieuwen yn Fryslân net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elk mocht him deameitsj...
 
J'88 (oerlis | bydragen)
Kin noch wol wat by
Rigel 1:
[[Ofbyld:Death-penalty-map.png|thumb|right|250px|''In kaart fan de wrâld mei dêr op de lannen wêr't de deastraf wol en net útfiert wurdt.'']]
De '''deastraf''' kaam yn de [[Midsieuwen]] yn [[Fryslân]] net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elk mocht him deameitsje.
 
De '''deastraf''' hâldt yn de wettige terjochtstelling fan in minske as swierste straf foar in misdied. Yn in soad lannen, bygelyks yn de [[Feriene Steaten]], [[Sina]] en [[Yndoneezje]], wurdt de deastraf útfiert.
 
Der is in soad te dwaan om de deastraf. Mei it humanisme waard de deastraf yn [[Jeropa]] hieltyd kritysker folge. It hat liede ta it ôfskaffen fan dizze straf yn in protte Westerske lannen, yn Jeropa komt it hast hielendal net mear foar.
 
Foar it útfieren fan de deastraf wurdt in ferskaat oan metoaden brûkt. Neffens [[Amnesty International]] wurdt der it meast brûk makke fan de [[deadlike ynjeksje]], de [[elektryske stoel]], de [[gaskeamer]], it [[fjoerwapen]], [[ophinging]], [[ûnthading]] en [[stienniging]].
 
==De deastraf yn Fryslân==
De '''deastraf''' kaam yn de [[Midsieuwen]] yn [[Fryslân]] net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elk mocht him deameitsje.
 
De eigentlike deastraf komt pas ûnder it Saksyske bewâld (yn guon stêden justjes earder) en is sûnttiids yn Fryslân geregeld útfierd, meastentiids yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Soms ek wol om de befolking ôf te skrikken, op it plak fan de misdie; mar wol altyd yn it iepenbier. Freed, [[23 maart]] [[1860]] is op it tsjintwurdige Wilhelminaplein yn Ljouwert it lêste deafûnis middels ophinging útfierd en wol oan [[Ype Baukes de Graaf]].