Martinus fan Toers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering: poart -> poarte; tachttjin -> achttjin
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Simone Martini 033.jpg|thumb|right|200px|Sint Martinus jout in helte fan syn mantel]]
'''Martinus fan Toers''' (* [[316]] of [[317]], [[Steinamanger]] -
  [[8 novimber]] [[397]], [[Kandes]])
wie [[biskop]] fan [[Toers]], en is ferneamd fan de leginde fan de dielde mantel.
 
Martinus wie de soan fan in [[Romeinen|Romeinsk]] [[magistraat]]. Doe't er fyftjin wie, gong er yn it leger, en kaam sa yn [[Galje]]. Yn dizze tiid spilet de [[leginde]] dat er by de poarte fan [[Amiens]] in bidler seach, dy't er ien helte fan syn mantel joech. (De oare helte wie fan it leger, dat dy koe er net weijaan.) De leginde giet fierder as in Kristusleginde, wat betsjutte kin dat de leginde âlder is as Martinus syn tiid. Doe't er achttjin jier wie waard er dopedoopt.
 
Syn wurkpaad yn it leger einige yn [[356]], en hy waard learling fan [[Hillarius fan Poirtier]]. Likernôch yn [[360]] waard er [[klûznerkluzener]], by [[Ligugee]]. Hy krige dêr safolle folgelingen dat dêr it earste Frânske kleaster ûntstie.
 
Yn [[371]] waard er keazen ta biskop fan Toers, mar hy wie ek hieltyd noch dwaande as [[mûnts]], en yn likernôch [[375]] stifte er it kleaster [[Marmoutier]]. Yn 397 ferstoar Martinus wylst er ûnderweis wie, yn Kandes. Syn lichem waard werombrocht nei Toers en dêr begroeven yn de [[basilyk]].