Wjerljocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: id:Petir; tekstwiziging
Rigel 9:
It gefaar om persoanlik troch de bliksem rekke te wurden is relatyf lyts, mar de gefolgen kinne wol slim wêze. Gemiddeld wurde yn [[Nederlân]] fiif minsken per jier troch de bliksem troffen mei de dea as gefolch. Eartiids wie dit noch folle mear: Hûndert jier lyn waarden trochstrings sa'n tweintich minsken per jier troffen mei de dea as gefolch.
 
== Undersyk ==
[[Ofbyld:Krunkwerke - IMG 4515 (by-sa).jpg|thumb|left|250px|In bliksem dy't op de grûn ynslacht.]]
 
Al ieuwen lang wurdt der ûndersyk dien nei wjerljochtsjen. Yn it begjin waard der gebrûk makke fan foarwerpen, wêrûnder ek de [[Leienfles]]. [[Benjamin Franklin]] is ferneamd as útfiner fan de wjerljochtfleander. Franklin liet sjen dat bliksem in ûntlading [[statyske elektrisiteit]] wie. Nei it ûndersyk fan Franklin wie it lange tiid stil om it ûndersyk fan bliksem. Fierder ûndersyk kaam nei it ûntstean fan de [[elektrotechnyk]] .
 
== Untstean ==
Bliksem ûntstiet troch de ferdieling fan elektryske lading oer in ûnwaarswolk. Wat de prosessen oanbelanget, dy’t de grutte parten fan de wolk in ôfwikende lading jaan kinne binne der wol tsien teoryen. De ladingsferdieling hoeft op himsels noch net ta it ûntstean fan in bliksem te liede. Der binne in protte lekstreamen, dy’t de ûntsteane ladingsferskowing tsjinwurkje, sadat de bliksem net nedich is. Ek is net dúdlik wêrom in ûntlading tusken de ûnderkant fan in wolk en de grûn, bliksemynslach, optreedt. Wat dit lêste oangiet moatte we yn gedachten hâlde, dat de [[ierde]] in bêste gelieder is en dat de deselde elektryske ladings elkoar ôfstjitte. Omdat yn de measte gefallen de negatyf laden wolken ûnderoan sitte, sille ûnder de wolk de elektroanen yn de ierde ferstjitten wurde, sadat de ierde pleatslik in positive lading hat. Under de wolk hearsket dêrom in sterk elektrysk fjild, dat omheech rjochte is. De elektryske spanning yn dat fjild is wol 100 oant 1.000 kear te lyts om in ûntlading mooglik te krijen. De trochslachspanning fan lucht is net lytser dan 3 miljoen folt de meter. Yn seldsume gefallen treed ek in omkearde ladingsferdieling op, mei in positive lading oan de ûnderkant fan de wolk en in negative lading oan it oerflak fan de ierde. Yn sa’n gefal wurdt wol sprutsen fan in positive bliksem as der in ûntlading ûntstiet.
 
As gefolch fan de ûnregelmjittige ferdieling fan de ladings yn de wolk kin pleatslik wol wat fonkfoarming ûntstean. Hjirtroch fynt dan [[ionisaasje]] plak, wêrtroch de lieding sterk tanimt. De heechste potinsjaalferskillen ferpleatse har dêrtroch nei de top fan it liedende kanaal. Dêr foarmje har wer fonken en wurdt it proses herhelle, dit wurdt wol foarûntlading neamd. Sadwaande kin de foarûntlading har ûntwikkelje fan inkele sintimeters nei inkele tsientallen meters yn de rjochting fan de grutste spanningsferskillen. Somtiden ûntsteane der groeiende fertakkings.
Rigel 29:
Dêr hâld it noch net op. As de bliksem útdôvet, fynt der in rappe nijferdieling fan de lading yn de wolk plak, omdat alle berikbere lading ferpleatst is. It kanaal wurdt dan faaks op ‘e nij brûkt, earst troch in nije, rappe en ûnfertakke foarûntlading, dêrnei troch in nije omheechgeande haadûntlading. Faaks wurdt alles wer herhelle. Wat wy dus sjogge as ien bliksem, is faak in searje fan dielbliksems.
 
== Feiligens ==
[[Ofbyld:Global Lightning Frequency.jpg|thumb|right|400px|Kaartsje mei it tal ynslaggen op in plak. Opfallend is dat op de poalen en op see hast gjin ynslaggen plak hawwe.]]
 
Rigel 38:
It ljocht fan in bliksem is tige fel en kin dan ik wol ferblinend wêze.
 
== Ofstân ta de bliksem ==
[[Ofbyld:Cloud to cloud lightning strike.jpg|thumb|left|250px|Wolk-nei-wolk bliksem.]]
 
Rigel 49:
Dit ferskil hat te krijen mei it ferskil yn snelheid fan ljocht en lûd.
 
== Heechste punt ==
By ûnwaar wurdt altyd sein dat de bliksem op it heechste punt ynslaan sil. Dit komt omdat de hast alles stream better lied dan lucht.
 
Rigel 56:
Yn de [[woastine]] sil de bliksem nei it leechste punt sykje, omdat sân tige min lied. De bliksem siket dan nei it plak mei it minste sân, om sa gou mooglik nei it grûnwetter te kommen.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.bliksem.nl/index.php Webstee mei ynformaasje oer bliksem.]
 
[[Kategory:Meteorology]]
Rigel 86:
[[hr:Munja]]
[[hu:Villám]]
[[id:KilatPetir]]
[[yi:בליץ]]
[[io:Fulmino]]