Gurbe Douwstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Ik hie ek al wat skreaun, haw it derby dien
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
 
'''Gurbe Douwstra''' ( [[Drachten]], [[17 febrewaris]] [[1954]]) is in [[Fryslân|Fryske]] sjonger.
 
Douwstra waard berne yn Drachten, wêr’t hy ek opgroeide. Hy gie op it Ychtus Kolleezje nei de middelbere skoalle, wêr’t hy syn gymnasium-diploma helle. Hjirnei gie hy nei [[Grins (stêd)|Grins]]. Nei syn tsjinsttiid waard hy sjoernalist foar de ''Ommelander Courant'' en kaam hy te wenjen yn [[Uthuzen]]. DêrneiNei kaamin pear jier bedarre hy wer yn Drachten te wenjen nei dat Douwstra wurk krych by de [[Ljouwerter Krante]]. Begjin tachtiger jierren gie er oan de slach by de [[Omrop Fryslân]], hy wie dêr ferslachjouwer en letter muzykredakteur en presintator. Douwstra is noch altyd wurksum foar de Omrop, op it stuit presintearret hy it radio program Muzyk yn bedriuw en Radio Froskepôle.
 
==Muzyk==
Op it Ychtus Kolleezje spile Douwstra al yn deferskate skoalbandskoalbands. Hy stifte syn eigen band yn dy tiid, mei de namme Ltd. Dêrnei hat hy noch by in grutstik as talwat groepen sitten, bygelyks Managisha, Zenith en fan [[1979]] oant [[1982]] by Maîtresse, dat dêrnei ophold te bestean.
 
Nei Maîtresse hat hy in skoftlang net mear mei de muzyk dwaande west, mar nei it skriuwen fan inkele lieten foar de trouwerij fan twa freonen begûn hy dochs wer. Hjir ûntstie de folkgroep Bêdbuks út en sûnt [[1999]] sjongt hy benammen solo. Stadich oan waard de rom fan Douwstra yn Fryslân grutter, yn [[2001]] hat dat laat ta it meitsjen fan syn earste kompakt skiif, ''Dizze Stoarm''. Fan dizze skiif komt ûnder oare it ferneamde ferske ''Lit jim Gean Friezen''. Fan [[2005]] is syn skiif ''Myn Eigen Paad'', mei ûnder oare ''Cliffs of Moher''.
 
Douwstra is in sjonger/lietskriuwer, dy't syn ferskes bringt yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Dat docht er dan ek meast yn it [[Frysk]]. Syn lietsjes fariearje fan mankelke harklietsjes oant fleurige ferskes oer de (eigen)aardige saken fan it libben. De fariaasje yn teksten is dêrby al like grut as yn de muzyk, fan bytiden hast sintimenteel oant gekjeiende koartswyl, mei in best stik selsspot, mar wol allegear rjocht út it hert.
 
De lêste jierren treedt er ek geregeld op mei syn kollega-trûbadoers [[Doede Veeman]], [[Jaap Louwes]] en [[Piter Wilkens]] as ‘de fjouwer trûbadoers’. Sa wienen se ek te sjen op de Fryske Music Night. Mei-inoar hawwe se yn [[2004]] de skiif ‘Der Tuskenút’ útbrocht en koartlyn ferskynde fan dit kwartet de twadde cd ‘De âlde púndyk by del’. Dit as opmaat fan in ‘ôfskiedstoernee’ yn de hjerst fan [[2007]].
 
Mei-inoar ha se yn [[2004]] de cd ‘Der Tuskenút’ útbrocht en koartlyn ferskynde fan dit kwartet de twadde cd ‘De âlde púndyk by del’. Dit as opmaat fan in ‘ôfskiedstoernee’ yn de hjerst fan [[2007]].
 
== Diskografy ==