Transsylvaanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:TransylvaniaProper.png|framed|right|''Kaart fan Roemeenje mei histoarysk Transsylvaanje yn giel en hjoeddeisk Transsylvaanje yn it giel en it donkergiel.'']]
'''TransylvaanjeTranssylvaanje''' ([[Roemeensk]]: Ardeal of Transilvania; [[Hongaarsk]]: Erdély; [[Dútsk]]: Siebenbürgen is in histoarysk gebiet fan [[Hongarije]] en [[Roemeenje]] en hjoeddeisk in part fan Roemeenje, yn it sintrale gebiet fan dit lân. It wurdt begrinzge yn it easten en suden troch de [[Karpaten]], histoarysk besjoen yn it westen troch de [[Apuseni bergen]]; lykwols de term slaat faken net allinich op Transylvaanje himsels, mar ek op de histoaryske gebieten [[Crişana]], [[Maramureş]], en de (Roemeenske) [[Banaat]]. [[Oradea]] (Nagyvárad) is in stêd yn dit gebiet.
 
Transsylvaanje wie yn it ferline de kearn fan it keninkryk fan [[Daasje]] (82 foar Kristus - 106). Yn 106 waard it gebied ferôvere fan it Romeinske Ryk en hjirnei waard har rykdom systematysk brûkt. Nei't de Romeinske legioenen har yn 271 weromlutsen, luts de iene nei de oare stamme it gebiet binnen, sadat it dêrtroch ûnder ferskate ynfloedsgebieten rekke. Yn dit tiidrek waarden dielen oerhearske fan de Fisigoaten, Hunnen, Gepiden en Avaren. Hjirnei lutsen de Romeinisearre Daciatyske ynwenners de bergen yn en bewarren sa harren kultuer of hje migrearden nei it suden. It is wierskynlik dat parten fan de mikste Daasjesk-Romeinske bewenners yn Transsylvaanje bleaun binne.