Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: an:Frisia
Rigel 27:
It fêste lân fan Fryslân wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch [[Grinslân]], [[Drinte]] yn it Súdeasten en [[Oerisel]] en de [[Noardeastpolder]] yn it suden. Yn it súdwesten, it westen en it noarden leit wetter. It [[Iselmar]] súdwestlik en oan de west- en noardkante leit de [[Waadsee]]. Oer de [[Ofslútdyk]] is Fryslân fuortendalik ferbûn mei [[Noard-Hollân]].
 
Ek meitsje fjouwer [[Waadeilannen]] diel út fan de provinsje. Fan west nei east binne dit [[Flylân]], [[Skylge]], [[it Amelân]] en [[Skiermûntseach]]. Mei dizze eilannen derby wurdt Fryslân yn it westen en noarden omsletten troch de [[Noardsee]]. Nei de Waadeilannen farre fearboaten. Fan [[Harns]] út farre de boaten nei Flylân en Skylge, fan [[Holwert]] farre der boaten nei it Amelân en fan [[Lauwerseach]] nei Skiermûntseach.
 
De fêste wâl fan Fryslân wurdt rûchwei yndield yn fjouwer ferskate dielen. Yn it súdeasten lizze de [[Stellingwerven]], yn it easten fan de provinsje lizze de [[Fryske Wâlden]], yn it noarden en it westen leit de [[Klaaistreek]] en it súdwesten wurdt de [[Súdwesthoeke]] neamd.