Ferdrach fan Ferdun: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
== Betsjutting ==
It Ferdrach fan Ferdun late ta it ferparten fan [[West-Jeropa]] yn trije grutte parten. Ut it westlike part ûntstie [[Frankryk]], út it eastlike part [[Dútslân]] en út it midden, [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Lúksemboarch]], [[Switserlân]] en [[Itaalje]]. Lang om let hat it ferdrach de fûneminten lein foar it moderne Jeropa.
 
==Ferdieling==
It Frankyske Ryk waard yn trije parten ferdield:
 
*[[Karel de Keale]] krige [[West-Fransje]], it lettere [[Frânske keninkryk]].
*[[Lotarius]] krige [[Midden-Fransje]], mei dêrûnder [[Lotaringen]] mei de lettere [[Nederlannen]].
*[[Loadewyk de Dútser]] krige [[East-Fransje]], it lettere [[Dútske ryk]].
 
De ryksgrins rûn benammen lâns [[rivier]]en. Sa foarmen de [[Skelde]], de [[Maas]] en de [[Saône]] en de [[Rhône]] de grins tusken Lotaringen en it Frânske Keninkryk. De [[Ryn]] foarme de grins tusken Lotaringen en it Dútske ryk.
 
[[Kategory:9e ieu]]