Fjoerlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Vuurland
st
Rigel 8:
 
== Kaap Hoarn ==
De súdlike punt fan de arzjipelarsjipel foarmet [[Kaap Hoarn]], dêr't de Nederlânske ûntdekkingsreizgers [[Willem Cornelisz Schouten]] en [[Jacob le Maire]] op [[26 jannewaris]] [[1616]] as earsten omhinne fearen. Sy ferneamden de kaap nei de stêd [[Hoarn (Noard-Hollân)|Hoarn]], it berteplak fan Schouten. Yn de Spaanske taal is dat ferbastere ta ''Cabo de Hornos'' (kaap fan de ûne), nei alle gedachten beynfloede troch de namme ''Fjoerlân''.
 
It gebiet bestiet foar it grutste part út toar gers, dêr't allinnich [[Skiep]] har mei fiede kinne. Ek op de tichteby lizzende [[Falklâneilannen]] libbet in soad skiep. Fierders is it lânskip tige rûch mei marren, rivieren, [[gletsjer|gletsjers]] en izige bergen. De rivieren sitte fol mei [[forel]], [[salm]] en mei út en troch [[bever|bevers]]. Op de rotseftige kliffen binne ek [[pinguïns]] en [[seeliuwen]] te sjen.