Michail Glinka: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
 
== Libbensrin ==
Hy wie de soan fan in rike lâneigner (in eks-legerkaptein), en waard yn [[1817]] nei skoalle yn [[Sint-Petersburch]] stjoerd. Dêr krige er in jier les fan de [[Ierlân (eiland)|Ierske]] komponist [[John Field]], dy't him yn [[1803]] yn Sint-Petersburch festige hie. Boppedat learde er fioelespyljen en myzykteory. It wie syn heite winsk dat er yn tsjinst gie fan it ministearje fan Kommunikaasje. Hy wurke dêr fan [[1824]] oant [[1828]].
 
Om't er net hoechde te wurkjen om troch de tiid te kommen en him hielendal oan de muzyk wije woe, naam er ûntslach. Fan [[1830]] oant [[1833]] wie er yn [[Itaalje]], dêr't er yn [[Milaan]] by de sjonger en komponist [[Basili]] studearre. Dêrnei gie er nei [[Wenen]] en doe nei Berlyn, dêr't er learde by [[Siegfried Dehn]], dy't him advisearre om myzyk mei in Russyske grûnslach te skriuwen. Doe't syn heit op stjerren lei gie er werom nei Sint Petersburch en dêr arbeide er oan syn opera ''In libben foar de Tsaar''. It slagge him om de opera útfierd te krijen yn 1836. Troch famyljeomstannichheden duorre it oant [[1842]] eardat de bekendere opera ''Roeslan en Ljoedmila'', nei in gedicht fan [[AleksandrAleksander Poesjkin]], opfierd waard.
 
Yn [[1844]] besocht er [[Parys]], [[Spanje]] en [[1848]] [[Warschau]] en [[Frankryk]] wer fan [[1852]] - [[1854]]. It wie by in besite oan Berlyn [[1856]] - [[1857]] dat er stoarn is.