Isaak Levitan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Isaac Levitan selfportrait1880.jpg|right|thumb|''Isaak Levitan. ''Selsportret''. 1880'']]
[[Ofbyld:Isaak Ilitsch Lewitan 002.jpg|right|thumb|''Kust'' (Плес). 1889'']]
[[Ofbyld:Vladimirka (Levitan).jpg|thumb|right|''De Vladimirka wei, 1892'']]
'''Isaak Iljitsj Levitan''' (Kibarti, 18/[[30 augustus]](*) [[1860]] - [[Moskou]], 22 july/[[4 augustus]](*) [[1900]]) wie in Russysk lânskipsskilder, dy't ta de streaming fan [[deDe Swalkers]] (Peredvizjniki) hearde.
 
Levitan waard yn 1860 berne yn it stedsje Kibarti yn de omkriten fan Kaunas yn [[Litouwen]] yn in earme [[Joaden|joadske]] famylje. Syn heit wie learaar [[Frânsk]] en [[Dútsk]] en letter oersetter foar in Frânsk boubedriuw. Yn 1870 ferfarreferfarde de húshâling Levitan nei Moskou.
 
Yn septimber 1873 waard Levitan oannomd oan de Moskouske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer, dêr't er ûnderrjocht krige fan [[Aleksej Savrasov]], [[Vasili Perov]] en [[Vasili Polenov]]. Doe't syn mem stoar en syn heit slim siik waard en hy syn húshâlding net mear únderhâlde koe, krige Levitan in beurs sadat er op skoalle bliuwe koe.; dat wie yn 1875. Yn syn stúdzjetiid krige Levitan kunde oan [[Konstantin Korovin]], [[Michail Nesterov]] en [[Michail Tsjechov]], en fia de lêste mei syn broer, de ferneamde skriuwer [[Anton Tsjechov]]. Levitan kaam faak oer de flier by Tsjechov, en faaks wie er fereale op Tsjechov syn suster, Anna Pavlova Tsjechova.
 
Syn earste útstalling wie yn 1877 en waard posityf ûntfongen yn de parse. Nei [[Aleksander Solovjev]]'s mislearre oanslach op AlexanderAleksander II, yn maaie 1879, waard de famylje Levitan twong om te ferhúzjen nei de foarstêd Saltikovka, út reden fan nije beheinende wetjouwing tsjin joaden, mar troch it krewaerjenkrewearjen fan bewûnderaarsbewûnderers mocht Levitan dyselde hjerst al werom nei Moskou. Fan 1880 ôf waard Levitan's wurk oankocht troch keunstsamler en filatroop [[Pavel Tretjakov]]; dizze skilderijen binne no part fan de kolleksje fan de [[Tretjakov-Galery]].
 
By de tentoanstelling fan de Swalkers yn 1884 wiene ek skilderijen fan Levitan. Yn 1891 waard er as lid talitten ta de Swalkers. As lânskipsskilder ''pur sang'' skildere Levitan hast gjin stedsgesichten, skepte er in eigen fariant op it saneamde ''stimmingslânskip'', dêr't de foarmen en tastannen fan de natoer yn fergeastlike waard en feitlik stâl joech oan de tastannen fan de minslike siel.
 
Op it hichtepunt fan syn ferneamdens waard Levitan yn 1897 lid fan de Keizerlike Akademy fan de Skoandere Keunsten en yn 1898 waard er beamdbeneamd as direkteur fan syn âlde skoalle. <br />
Yn 1897 die bliken dat Levitan fan in slimme hertkwaal te lijen hie. Hy wenne yn it lêste jier fan syn libben yn [[Goerzoef]], yn it simmerhûs fan Tsjechov op de [[Krim]]. Hy waard bedobbe op it joadske begraafplak Dorogomilov, en yn augustus 1941 waard er op'en nij begroeven op it hôf fan it Novodevitsji kleaster yn [[Moskou]], flak by it grêfmonumint fan Tsjechov.
 
== Kar út it wurk ==
 
<gallery>
Image:Levitan SolnechnyDen1876 7.jpg|''Sinneskyndei'', 1876