Frâns Joazeflân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Frans Josefland Ligging.gif|260px|thumb|''Lokaasje yn de [[Noardlike Iissee'']]]]
'''Franz Josef(s)lân''' ([[Russysk]]: Земля Франца Иосифа, ''Zemlja Frantsa Iosifa'') is in kloft fan sa'n 187 (of 191?) fulkanyske eilannen noardeastlik fan [[Spitsbergen]], bewesten fan de eilannengroepeilannegroep Severnaja Zemlja ([[Noardlân (arsjipel)|Noardlân]]) en benoarden [[Nova Sembla]] en de [[Barentssee]]. Hja binne part fan de [[Ruslân|Russyske]] oblast [[Archangelsk]]. De eilannen hawwe in totaal oerflak fan 20.700 km² (neffens oare boarnen 16.090 km²) en binne it noardlikst gebiet fan sawol [[Europa]] as Ruslân. Kaap Fligely (''August vonfan Fligely'') op it Rudolfeilân (''ostrov Roedolfa'') is itde meast noardlike punt fan de kloft. De eilannen lizze yn de tiidsône fan de oblast Archangelsk ([[Moskoutiid|MSK/MSD]]).
 
De eilannen waarden yn [[1873]] tafallich ûntdekt yn de [[EastenryksEastenryksk-Hongaarske Noardpoalekspedysje]] troch poalûndersikers [[Julius von Payer]] en [[Karl Weyprecht]] en neamd nei Keizer [[Frans Jozef I fan Eastenryk|Frans Jozef I]].
 
Allinne at men spesjale tastimming hat kin men de eilannen besykje.
Rigel 8:
== Lizzing ==
De eilannen besteane út [[fjord]]en, ynholten en meastal beferzen [[seeïngte]]s. It noardlikste punt fan Frans Jozeflân leit op sa'n 900 kilometer fan de [[noardpoal]]. It súdlikste eilân leit op likernoch 370 kilometer fan it eilân [[Nova Sembla]].
[[Ofbyld:FranzJosefLand2.gif|right|thumb|350px|''Kaart fan Franz Joseflân''.]]
== Klimaat ==
Der hearsket in strang arktysk kilmaat op de arsjipel en stoarmje docht it der faak. Oan de ein fan de koarte simmer is it faak mistich. De temperatuer is simmers trochsneed +2°C en -22°C yn de winter. De lêste jierren wiene de temperatueren útsûnderlik, fan +10°C en -48,9°C. Dizze feiten komme fan it waarstasjon ''Nagoerskoje'' op Alexander-Lân yn it westen fan de arsjipel.
Rigel 17:
Sa ticht by de noardpoal waakst net folle. Op Franz Jozeflân binne ferskillende soarten [[moas]] en gers. Der komme in stik as wat simmerbloeiers foar mei in koarte libbenssyklus. Op guon fan sinne beskynde sniefjilden waakse [[algen|iisalgen]] dy't opfallende kleuren hawwe, sa as skarlekkenread en gersgrien.
 
De meast foarkommende bistesoarten binne [[walrus]]sen, [[seehûnen]], [[poalfoks]]en, [[iisbear|iisbearen]] en ferskate insektesoartenynsektesoarten. De kliffen en strannen wurde troch [[seefûgels]] befolke dy't hjir ek harren jongen krije. Allinne de iisbeer oerwintert op de arsjipel.
 
== De arsjipel (kar út) ==
* '''[[Alexandralân]]''' (''Zemlja Aleksandry'') hat in waarstasjon en it fleanfjild Nagoerskoje. Yn de Kâlde Oarloch wie dêr ek in radarstsjon.
* '''[[Georg-eilân]]''' (''ostrov Georga'') mei it skiereilân Armitidsj is it grutste eilân.
* '''[[Graham Belleilân]]''' hat de langste lanningsbaan fan de arcsjipelarsjipel (2.100 meter), gaadlik foar swiere frachtfleanmasines.
* '''[[Hall-eilân]]''' mei de typearjende rots [[Kaap Tegethoff]]. Hjir seagen [[Julius von Payer|Peyer]] en [[Karl Weyprecht|Weyprecht]] foar it earst wer lân, nei't hja tsien moannen troch it iis ynsletten west hiene.
* '''[[Northbrook (eilân)|Northbrook]]''' is betreklik goed tagonklik.
Rigel 32:
== Skiednis ==
It seegebiet om Frans JozeflandJozeflân hinne waard yn de [[17e ieu]] troch robbejagers en walkisjagers ûntdekt. Oanwizings dêrfoar foarmje de dokuminten fan de Nederlânske seefarder [[Cornelis Roule]] út [[1675]]. Yn [[1868]] met de Noar [[Nils Fredrik Rönnebeck]] in oantal eilannen en easke it lân foar [[Noarwegen]] op. Hy neamde it ''Rönnebecks-lân''. Op 30 augustus [[1873]] ûntduts de Eastenrykse ekspedysje fan [[Karl Weyprecht]] en [[Julius von Payer]] it eilân Gallia (''ostrov Gallja'') op'en nij. De arsjipel, dy't doe noch ta Noarwegen hearde, waard doe earst nei keizer Frans Jozef I ferneamd. It súdlik gebiet waard foar en nei de oerwintering fan 1873/74 ferkend. De poalûndersikers [[Fridtjof Nansen]] en [[Fredrik Hjalmar Johansen|Hjalmar Johansen]] oerwinterdenoerwinteren yn 1895/96 op Kaap Noarwegen op it Jacksoneilân (''ostrov Dzjeksona'') nei't it harren net slagge wie om de noardpoal te berikken. De folgjende simmer moeten hja de Britske poalûndersiker [[Frederick Jackson]].
 
Op it plak fan de earste ûntdekking op Kaap Tegetthoff (Mys Tegetchof) waard by de [[Walter Wellman-Ekspedysje]] (1898-1899) in tinkstien oprjochte. Op Kaap Geller op [[Wilczeklân]] (''Zemlja Viltsjeka''; neamd nei [[Johann Nepomuk Graf Wilczek]]) oerwinteren yn 1899 ek in oantal leden fan de Welle-Ekspedysje. Yn [[1901]] moasten de ekspedysjeleden fan de Amerikaanske [[Evelyn Baldwin]] op it [[Algereilân]] (''ostrov Aldzjer'') oerwinterje. Op it Northbrook-eilân waard yn 1904 stienkoal dold troch in expedysje dêr't it skip fan letter by it Rudolf-eilân sonk.
Rigel 38:
Yn 1926 kaam Frans Jozeflân oan de [[Sovjet-Uny]] en tusken 1929 en 1963 wie de Tichajabaai op Hookereilân (''ostrov Goekera'') it wichtichste begjinpunt foar poalekspedysjes. Yn 1931 fleach LZ 127 "[[LZ127 "Graf Zeppelin"|Graf Zeppelin]]" oer de arsjipel oant oer de noardlikste lânpunt (Kaap Fligeli).
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie der tusken augustus 1943 en july 1944 in geheim Dútsk waarstasjon mei de koadenamme "Schatzgräber" op AlexanderlânAleksanderlân. It personiel moast der lykwols wei út reden fan sykte. De materialen waarden yn oktober 1944 troch [[ûnderseeboat]]en fuorthelle.
 
Yn de [[Kâlde Oarloch]] wie de hiele arsjipel ôfsletten gebiet fanwege syn strategyske lizzing. Op [[Graham Belleilân]] (''ostrov Greem Bell'') wie in bommewerpereskader stasjonearre.
 
Op 23 desimber 1996 ferûngemakkeferûngelokke in Russyske fleanmasine ([[Antonov An-72]]) by de lanning op fleanfjid ''Nagoerskoje''. Yn april/maaie 2005 waard de Payer-Weyprecht-betinkingsekspedysje mei spesjale tastimming nei Franz Joseflân makke. De modern útrisseútriste groep bestie út twa EasterikersEastenrikers, twa Russen en in poalhûn.
 
== Literatuer ==