Fryske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
 
== Tal sprekkers ==
Yn Fryslân sprekke likernôch 440.000 minsken de Fryske taal (2004), wêrfan krek wat mear as de helte fan de minsken as memmetaal. Der wurdt ek Frysk sprutsen yn it [[Grinslân|Grinslanner]] [[Westerkertier]], yn de [[Dútslân|Dútske]] gemeente [[Sealterlân]] en yn [[Noard-Fryslân]] yn [[Sleeswyk-Holstein]] oan de Dútsk-[[Denemark|Deenske]] grins. Yn de streek [[East-Fryslân]] wurdt gjin Frysk mear sprutsen. Yn elts fan dizze gebieten wurde oare fariëteiten fan it Frysk sprutsen. It dialekt fan it Frysk yn de Nederlânske provinsje Fryslân is it [[Westerlauwersk Frysk]]. Mei Westerlauwersk wurdt de lizzing fan de lokaasje wêr’t de taal sprutsen wurdt bedoeld, westlik fan de [[rivier]] de [[Lauwers]], dat de grins tusken Fryslân en Grinslân foarmet. It Frysk sa’t dat op de Nederlânske skoallen ûnderwezen wurdt, en yn offisjele stikken brûkt wurdt, is it [[Standertfrysk]]. Der is al lange tiid gjin ûndersyk dien nei it tal minsken dat wrâldwiid Frysk sprekt dien. Yn in publikaasje út 1976 wurdt it tal sprekkers yn Nederlân fan it Westerlauwersk Frysk, dat by fier it grutste tal sprekkers fan de Fryske talen hat, op 700.000 rûze.<ref>Meic Stephens 1976: ''Linguistic Minorities in Western Europe''. Llandysul: Gomer Press, p. 567.</ref>
 
Yn Saterlân binne likernôch 2.000 minsken dy’t Sealtersk prate. <ref>"Gegenwärtige Schätzungen schwanken zwischen 1.500 und 2.500." Marron C. Fort: Das Saterfriesische. In: Horst Haider Munske,Nils Århammar: Handbuch des Friesischen – Handbook of Frisian Studies. Niemayer (Tübingen 2001).</ref> Yn Noard-Fryslân binne likernôch noch 10.000 minsken dy’t it Noardfrysk sprekke. <ref>[http://www.ethnologue.com/show_language.asp?code=frr Ethnologue.com]</ref> De measte fan de minsken dy’t dizze taal prate wenje op de eilannen [[Söl]], [[Feer]], [[Oomram]] en [[Helgolân]].